Charles Émile Joachim Constant Puyo ek wol: Commandant Puyo (Morlaix, Finistêre, 12 novimber 1857Parys, 6 oktober 1933) wie in Frânsk fotograaf dy't ta de streaming fan it pikturalisme rekkene wurdt.

Constant Puyo, troch Nadar.

Biografy bewurkje seksje

Puyo waard berne yn in foaroansteande bourgeois-famylje yn Morlaix yn 1857. Edmond Puyo (1828–1916), syn heit, wie skilder, amateurargeolooch en politikus; yn de jierren 1870 wied er boargemaster fan Morlaix. Syn omke, Édouard Corbière, wie in súksesfol skriuwer en syn neef, Tristan Corbière, wie in bekend dichter. Puyo studearre oan de École Polytechnique yn Parys en gie dêrnei it leger yn, waard artilleryofsier en kommandant fan in squadron oan de Artilleryskoalle yn La Fère. Yn de jierren 1880 tsjinne er yn it Frânske leger yn Algerije.

Yn 1889 sette er út ein as amateur-fotograaf en yn 1894 waard er lid fan de Photo-Club de Paris. Rillegau dêrnei die er mei oan in tal fan harren eksposysjes. Yn 1896 luts er de oandacht mei syn eksposee Notes sur la photographie artistique, oer fotografyske techniken en teoryen. Yn 1902 gied er it leger út en wijde er him folslein oan de fotografy. Inkelde fan syn foto’s waarden yn 1906 publisearre yn it ferneamde Amerikaanske fototydskrift Camera Work en yn datselde jier hie er in eksposysje mei syn lânsmaten Robert Demachy en René Le Bègue foar Alfred Stieglitz syn Photo-Secession-klup yn Galery 291 yn New York City. Ek waard er lid fan de foaroansteande Ingelske fotografyferiening Brotherhood of the Linked Ring.

 
Sliepe, 1897

Puyo wurke in soad mei byldmanipulaasjes en softfocus-techniken en berikte sadwaande in ympresjonistysk effekt. Lykas syn lânsman Demachy brûkte er dêrby faak gomdruk-techniken. Syn lânskipsfoto’s wurde typearre troch diffuze ljochtoergongen, faak mei gebrûk fan ljochtrefleksen en wetterspegelingen. Hy makke ek in protte frouljusportretten en neakenstúdzjes.

Oan it begjin fan de Earste Wrâldoarloch gie Puyo fannijs it leger yn, no as kaptein („Commandant Puyo“). Hy bleau lykwols oant de ein fan syn libben fotografearjen, publisearjen en eksposearjen. Yn 1931 hie er tegearre mei Demachy in grutte oersjochútstalling yn Parys. Hy stoar yn 1933 yn de âldens fan 75 jier. In protte fan syn wurk is te besjen yn it museum Nicéphore-Niépce yn Chalon-sur-Saône.

Galery bewurkje seksje

Publikaasjes bewurkje seksje

In karút:

  • 1904: Le Procédé à la gomme bichromatée, traité pratique et élémentaire à l'usage des commençants. Photo-Club de Paris
  • 1904: Pour les débutants; mei Étienne Wallon, Photo-Club de Paris
  • 1907: Le Procédé Rawlins à l'huile. Photo-Club de Paris
  • 1911: Le Procédé à l'huile. Nouvelle édition, refondue et augmentée. C. Mendel

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje