De cookmûs of Cooks mûs (Latynske namme: Mus cookii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan dde mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat foarkomt yn it suden fan it Yndiaaske subkontinint en fierder noardlik fan Nepal, noardeastlik Yndia en noardlik Birma oant yn Súd-Sina (it súdwesten fan 'e provinsje Yunnan), Tailân en Fjetnam.

cookmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus cookii
Ryley, 1914
IUCN-status: net bedrige

Algemiene beskriuwing bewurkje seksje

It tinken is dat der eins mear as ien soarte bestiet binnen wat no as de cookmûs beskôge wurdt, mei't de bekende ûndersoarten sterk ferskille yn grutte en gewicht. Teffens binne der fossilen fûn, dy't datearje út it Lette Pleistoseen. De cookmûs is twakleurich, mei in brunige rêch en in wyt oant grizige bealch. Dy twakleurigens set him fuort yn 'e behierring fan 'e sturt. De foartosken binne nei efteren ta bûgd. De wyfkes fan de cookmûs hawwe tsien oeren.

Undersoarten bewurkje seksje

De ûndersoarte Mus cookii cookii is it grutst, en hat trochinoar in kop-romplingte fan 9⅓ sm, in sturtlingte fan 8⅓ sm en in gewicht fan 23⅓ g. De Mus cookii nagarum is wat lytser en in stik lichter, mei in kop-romplingte fan krapoan 7½ sm, in sturtlingte fan 7⅓ sm en in gewicht fan likernôch 15 g. De Mus cookii palnica, ta einbeslút, hat in kop-romplingte fan 7⅔ sm en in sturtlingte fan net earlik 8 sm. It gewicht fan dizze trêde ûndersoarte binne gjin sifers oer bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.