Cornelis Pijnacker

Cornelis Pijnacker (Pijnacker, 6 july 1570 - Frjentsjer, 12 jannewaris 1645) wie in Nederlânske kartograaf, heechlearaar en diplomaat.

Cornelis Pijnacker (1570-1645) yn 1618
(kolleksje Universiteitsmuseum Grins)

Biografy bewurkje seksje

Pijnacker wie in soan fan Adam Dirckss.van Kerckhoven/Pijnacker en Johanna (Jannetje) Adriaensdr. van Polanen. Hy studearre ûnder oare teology yn Leien en yn Heidelberch. Yn 1597 promovearre er yn de rjochten oan de Universiteit Leien. Dêrnei wied er in hoart abbekaat. Doe't er 27 jier wie waard er heechlearaar yn Leiden. Op in hier ôf miste er in promoasje ta rektor fan de universiteit fan Leiden. Teloarsteld oer de gong fan saken sollisitearre er nei in selde soarte posysje yn Grins, wat him yn Leien op ûntslach kaam te stean. Yn 1614 waard er beneamd ta heechlearaar yn de rjochten fan de nije Universiteit fan Grins. Twa jier letter waard er rector magnificus fan dy universiteit.

 
Kaart fan Drinte en Westerwolde út 1634 fan Pijnacker (út: atlas Blaeu)

Pijnacker, "in de orientaelsche spraecken wel ervaren", wie teffens gesant fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn ferskate lannen yn it Middellânske Seegebiet, ûnder mear yn Algiers en yn Tunis.

Hy krige yn it bysûnder de opdracht om in fredesferdrach mei de Barbarijske seerôvers te sluten, eat wat ek nei in twadde útstjoering net bot slagge. Hy rekke yn finansjele problemen ferwikkele troch de hege kosten fan it frijkeapjen fan slaven. Hy gong werom nei Nederlân en festige him yn 1627 yn Drinte, dêr't er njoggen jier wenjen bliuwe soe. Yn dy tiid brocht er de saken wer op oarder. Hy wie der advokaat, juridysk adviseur en kaartmakker. It wie de tiid dat er de earste sekuere lânkaart fan de provinsje Drinte en fan Westerwolde makke. Westerwolde ûntbriek op eardere kaarten, om 't it as in saneamd generaliteitslân kocht wie troch de stêd Grins yn 1619 en dêrtroch gjin diel útmakke fan de provinsje Grinslân .

Nei syn Drintske perioade waard er yn de âldens fan 66 jier beneamd ta heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer en beklaaide ek dêr de funksje fan rektor magnifikus. Hy soe oan dy universiteit ferbûn bliuwe oant syn dea yn 1645.

Pijnacker wie boaske oan Suzanna van Treslong, dochter fan de geuze-oanfierder Willem Bloys van Treslong en Cornelia van den Heuvel. Nei har ferstjerren troude er fannijs mei Sybilla Boterpot.

Pijnacker is ôfbyld op it betinkrút Deo Patriae Academiae (1914) yn it treppehûs fan it Akademygebou yn Grins.

Publikaasje bewurkje seksje

  • Historysch verhael van den steden Thunes, Algiers ende andere steden in Barbarien gelegen Dit ferslach waard earst yn 1975 printe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: