Cornelis over de Linden

Cornelis over de Linden, (Inkhuzen, 11 jannewaris 1811 - De Helder, 22 desimber 1873), wie in skipsbouwer. Hy makke yn syn jonkheid fiere reizen, ûnder oare nei Hongkong en skreau oer skipstimmerbou. It wie in bejeftige autodidakt, frijtinker en frijmitselder, fol Fryske stammegrutskens. Over de Linden wurke fan 1833 - 1873 op de Rykstimmerwerf. Twa fan syn skipsmodellen binne útstald yn it Ryksmuseum yn Amsterdam[1]. Hy wurdt troch wol beskôge as auteur fan it Oera Linda Boek.

Cornelis over de Linden

Biografy bewurkje seksje

Cornelis over de Linden waard berne as soan fan Jan, skipstimmerman, en Antje Goedmaat. Syn heit wie net leauwich, dochs syn mem wie strang kalvinist. Trocht't Cornelis twongen waard nei tsjerke te gean, krige er in ôfkear oan tsjerke en geastlikens. Fan syn heit en pake erve er it tinkbyld fan Aldfrysk komôf. By syn heit learde er de skipsbou. Doe't er 19 jier wie, makke er in reis nei Spanje, de Kaap en Sina. Yn 1834 waard er bewurker fan modelskippen by de marine, yn 1848 opsichter by de houtseachmûne en yn 1857 waard er masterfeint. Hy skreau boeken oer skippen en hy makke modellen. Hy lies oer geografy, religyskiednis, filosofy en frijmitselderij. Neffens Goffe Jensma wie Over de Linden nei alle gedachten, fanwegen syn lege maatskiplik komôf net lid fan de Helderske frijmitseldersloge. Op in foto besocht er syn sympatyen sjen te litten troch mei in passer yn de hân te hâlden, itjinge in bekend frijmitselderssymboal wie.

Over de Linden hie ynfloed fan de Saksyske boekbiner Ernst Stademann dy't revolúsjonêre tinzen hie en in soad talen koe.[2] Cornelis skreau in soad traktaten, dy't nea útjûn binne, mei filosofysk en maçonyk ynhâld. Dêr sette er him bot yn ôf tsjin de tsjerke en de wittenskip. Neffens Jensma "sublimearre er yn dy frijtinkersteksten syn eigen frustrearre yntellektuele en maatskiplike ambysjes". Hy wie in fûl sjovinist en studearre yn Aldfryske wetten en Noardske talen.

Oera Linda bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Oera Linda Boek.

Yn 1867 brocht er in hânskrift nei bûten dy't neffens syn sizzen in famylje-erfstik wie dat sûnt 1848 yn syn besit wie. Dat waard troch Eelco Verwijs en Jan Ottema, alletwa fan it Frysk Genoatskip, ûndersocht. Ottema rekke dêrfan oertsjûge dat it hânskrift autentyk wie, sette it oer en publisearre it as Thet Oera Linda Bok yn 1872. Al foar de publikaasje dêrfan wie der yn de akademyske wrâld twivel oer de echtjheid fan it dokumint. Ynearsten waard Cornelis over de Linden dêrfan fertocht de skriuwer fan it hânskrift te wêzen. Jan Beckering Vinckers, learaar Ingelsk oan in gymnasium skreau dêr oer yn 1877, in jier nei it ferstjerren fan Over de Linden. Letter soe dy teory fierder útwurke wurde (yn 1916 troch Burger en yn 1928 troch Boeles), wylst de ûnskuld fan Over de Linden itselde jiers ferdigene waard yn brosjueres fan Gerrit Jansen, ûnderrjochter en korrektor fan geskriften, en fan syn soan Leendert Floris over de Linden (1837-1919). Dy publisearre yn 1912 in oanfolling op syn ferwar yn 1877. Goffe Jensma promovearre yn 2004 op it ûnderwerp en beskreau syn teory oer it ta stân kommen fan it dokumint. Dêryn spilet Cornelis over de Linden mar in byrol en soe er allinnich syn famyljenamme oan it wurk liend hawwe en de tekst op papier set hawwe, nei't er troch dûmny-dichter François Haverschmidt skreaun waard en troch taalkundige Eelco Verwijs oerset waard.

Literatuer bewurkje seksje

  • Beckering Vinckers, J., Wie heeft het Oera-Linda-Boek geschreven? (1877)
  • Boeles, P.C.J.A., De auteur van het Oera-Linda-boek (1928)
  • Burger jr., C.P., De auteur van het Oera-Linda-Bok in "Het Boek V" (1916)
  • Jansen, G., De schrijver van Thet Oera-Linda Bôk is niet Cornelis over de Linden (1877)
  • Jensma, G., De gemaskerde God: François HaverSchmidt en het Oera Linda-boek (2004)
  • Jensma, G., Het Oera Linda-boek: facsimile, transcriptie, vertaling (2006)
  • Molhuysen, P.C., en P.J. Blok (red.), Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek (1911-1937)
  • Over de Linden, L.F., Beweerd maar niet bewezen: bestrijding van de argumenten voorkomende in de brochure van den heer J. Beckering Vinckers over het Oera Linda Boek (1877)
  • Over de Linden, L.F., Aanvulling van de brochure "Beweerd, maar niet bewezen" (1912)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: