Cornelis van der Wal

Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter.

Cornelis van der Wal

Hy wenne 18 jier yn Grins. Fan 2009 oant 2013 hat er wenne Snits, sûnt wennet er wer yn Ljouwert.

Hy publisearre sân dichtbondels, mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal wie webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh. Van der Wal wie oant juny 2011 poëzijbesprekker foar it Friesch Dagblad, hy soe dêryn opfolge wurde troch Abe de Vries.

Fierder is Van der Wal dwaande mei it komponearjen fan elektroanyske muzyk.

Bibliografy bewurkje seksje

  • 1991 - In nêst jonge magneten
  • 1997 - Sinnestriel op it Offermês
  • 2003 - Subsydzje foar de Graal
  • 2004 - Skalder en it swurd
  • 2006 - Zonderlinge kruising tussen aap en priester (blomlêzing mei Nederlânske oersettingen)
  • 2007 - Hûn oan 'e himel
  • 2008 - Kening Kees (novelle)
  • 2011 - Kristus Pavlov
  • 2016 - Wolf yn harnas

Prizen bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje