Criss Strokes, echte namme: Christopher Ryan Chandler (27 novimber 1985), is in Amerikaansk neakenmodel en pornoakteur, waans skûlnamme ek wol misstavere wurdt as Chris Strokes Criss Stokes of Chris Stokes, en dy't ek wol wurke hat ûnder de namme Braden. Hy stiet ek wol bekend as the Forearm Man ("de Underearm-man"), fanwegen de lingte fan syn geslachtsdiel. Strokes sette yn 2006 útein mei syn karriêre, en hat sawol heteroseksuële as homoseksuële pornografy makke. Hy hat him ûntjûn ta ien fan 'e bekendste manlike gesichten fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Criss Strokes
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Chris Strokes, Criss Stokes, Chris Stokes, Braden
echte namme Christopher Ryan Chandler
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 novimber 1985
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Spaansk
Iersk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoakteur
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Strokes waard yn 1985 berne yn 'e Feriene Steaten, mar wêr krekt, dat is ûnbekend. Hy is fan Spaansk en Iersk etnysk komôf. Yn 2006, doe't er 21 jier wie, makke er syn debút yn in pornografyske film. Troch syn fysike kwaliteiten foel er daliks op en boppedat ûntjoech er him al gau ta ien fan 'e meast betroubere manlike akteurs yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Njonken heteroseksueel wurk spile Strokes ek yn homoseksuële pornofilms, hoewol't er dêrby gay-for-pay wie, mei't er net biseksueel is.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Strokes ein 2015 yn rom 500 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Wicked Pictures, Digital Sin, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Hustler Video en Sin City. Teffens hat er wol wurke foar minder bekende studio's, wêrûnder Seymore Butts Home Movies, Shane's World, Bree Olson Productions, Pure Play Media en Girlfriends Films. Teffens hat Strokes in hiel soad yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Oant en mei 2015 hie Strokes njoggen kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), wêrûnder trije kear foar de priis yn 'e kategory bêste groepsekssêne, en ien kear yn 'e kategory ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier. Hy hat ûnder syn karriêre û.m. wurke mei aktrises as Asa Akira, A.J. Applegate, Veronica Avluv, Cassidy Banks, Sarah Banks, Maya Bijou, Abby Lee Brazil, Amy Brooke, Casey Calvert, Kayla Carrera, Mercedes Carrera, Lily Carter, Kacie Castle, Vicki Chase, Adriana Chechik, Miko Dai, Candice Dare, Lexxi Diamond, Skin Diamond, Noelle Easton, Aaliyah Hadid, Dillion Harper, Jewels Jade, Gia Jakarta, Lisa Ann, Kerry Louise, Chastity Lynn, Tanner Mayes, Kelsi Monroe, Memphis Monroe, Tiffany Mynx, Nia Nacci, Valentina Nappi, Madison Parker, Romi Rain, Roxy Raye, Abby Rode, Veronica Rodriguez, Katie St. Ives, Sheena Shaw, Dakota Skye, Kendra Spade, Jada Stevens, Shyla Stylez, August Taylor, Teanna Trump, Angelina Valentine en Sienna West.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Strokes is blank, mei in atletysk en spierd uterlik, grize eagen en brún hier. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.90 m lang, mei in gewicht fan 91 kg. Hy stiet bekend as the Forearm Man ("de Underearm-man"), fanwegen de lingte fan syn penis, dy't yn ereksje 10 inch (oftewol 25 sm) mjit. Strokes hat gjin piercings, mar hy hat ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in fersierd krús op syn lofterûnderearm; in tribal op 'e lofterkant fan syn boarst; en tekst op syn lofterbiseps en beide skouders.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Phoenix Marie) Ass Worship 11
2011 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Amia Miley) Slut Puppies 4
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Tanner Mayes en Michael Tierney) My Teen Swallows
nominearre ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre ûnderwurdearre 'swurdfjochter' n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Lily Carter en Skin Diamond) Slut Puppies 5
nominearre bêste groepsekssêne (mei Phoenix Marie, Jules Jordan en Mark Wood) Ass Worship 13
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jayden Jaymes, Brock Adams, James Deen, Erik Everhard, Jon Jon, Danny Mountain en John Strong) Gangbanged 2
2014 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Amy Brooke, John Strong en Mark Wood) Pump My Ass Full of Cum 3
2015 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Vicki Chase en Mick Blue) V for Vicki

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: