Crystle Lightning

Crystle Lightning (folút: Crystle Lea Lightning; Edmonton (Alberta), 5 febrewaris 1981) is in Kanadeesk aktrise, rapster en live-discjockey fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja wennet sûnt 1990 yn 'e Feriene Steaten, en hat behalven de Kanadeeske ek de Amerikaanske nasjonaliteit. Bûten Noard-Amearika is Lightning benammen bekend wurden fan rollen yn films as Saving Jessica Lynch en American Pie Presents: Band Camp.

Crystle Lightning
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Crystle Lea Lightning
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 5 febrewaris 1981
berteplak Edmonton (Alberta)
etnisiteit Kry
jierren aktyf 1985 – no
offisjele webside
www.crystlelightning.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Lightning waard yn 1981 berne yn 'e stêd Edmonton, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Hja is de dochter fan regisseur en aktrise Georgina Lightning en de suster fan akteurs Cody Lightning en William Lightning. Hja is in etnyske Kry (Cree), en har famylje hat bannen mei de Samson Kry Naasje yn Hobbema en de Enoch Kry Naasje yn Enoch. Har efternamme betsjut yn it Ingelsk 'wjerljocht', en har foarnamme wurdt krektlyk útsprutsen as crystal, it Ingelske wurd foar 'kristal'; 'Crystle Lightning' klinkt dêrom as 'kristallen wjerljocht'. Lightning begûn yn Edmonton as aktrise te wurkjen yn 1985, doe't se noch mar fjouwer jier âld wie. Yn 1990 ferfear se mei har âlden en bruorren nei Hollywood, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Yn Hollywood sette Lightning har karriêre fuort mei de rol fan Winnie yn 'e jongereinfilms The Last Chance Detectives: Mystery Lights of Navajo Mesa (1994), The Last Chance Detectives: Legend of the Desert Bigfoot (1995) en The Last Chance Detectives: Escape from Fire Lake (1996). Yn 1995 spile se ek de rol fan Jo yn Three Ninja's Knuckle Up.

Ien fan har bekendste rollen hie Lightning yn 'e oarlochsfilm Saving Jessica Lynch, út 2003, as de Hopy-Yndiaanse Lori Piestewa, de earste froulike Amerikaanske soldaat dy't sneuvele yn 'e Irakoarloch en de earste froulike Yndiaanske soldaat ea dy't yn Amerikaanske tsjinst kaam te sneuveljen. Ynternasjonaal waard Lightning lykwols bekender mei har rol yn 'e filmkomeedzje American Pie Presents: Band Camp, út 2005. Dêryn spile se Chloe, de bêste freondinne fan haadrolspylster Arielle Kebbel.

Oare filmrollen hie Lightning û.m. yn Older Than America (2008), njonken akteur Bradley Cooper, en yn The Red Man's View, dy't anno 2018 noch net útkommen is. Yn 2006 wurke se as stimaktrise mei oan it fideospultsje Prey, wêryn't se de rol fan Jen ynspriek, de freondinne fan 'e protagonist Tommy. Op 'e tillefyzje hie Lightning gastrollen yn ôfleverings fan 'e searjes Touched by an Angel (2001), The Game (2006), Femme Fatales (2012) en Southland (2013). Fierders wie se yn 2008 te sjen yn in ôflevering fan 'e soapsearje Days of Our Lives, en yn 2009 hie se as Tina in weromkearende rol yn trije ôfleverings fan 'e rige Tease.

 
Lightning mei har kollega-aktrises út Femme Fatales: Sierra Love en Kristen DeLuca.

Muzykkarriêre bewurkje seksje

Njonken har aktearkarriêre is Lightning ek aktyf as live-discjockey, wêrby't se muzyk draait fan it sjenre electro house. Se begûn har muzykkarriêre nei't se dêrta ynspirearre wie troch in optreden fan DJ Lady Tribe yn in nachtklub yn Los Angeles. Se wist in oare dj, Christi Mills, oer te heljen om har mentor te wurden, en letter treden sy en Mills in skoft tegearre op ûnder de namme Ladies of the House.

Teffens is Lightning rapper fan 'e hiphopgroep LightningCloud, dy't se oprjochte mei rapper MC RedCloud. Yn 2012 brocht LightningCloud it album LightningCloud út, yn gearwurking mei RedCloud syn maat DJ Hydroe. Datselde jiers ferskynde ek Lightning har nei harsels ferneamde debútalbum as solo-artyste. Yn 2013 wûn LightningCloud de Who's Next: Battle of the Best-rapwedstryd op it hiphopradiostasjon Power 106. Lighting en RedCloud bemachtigen dêrmei net inkeld in priis fan kontant jild, mar ek de mooglikheid om op te treden mei Kendrick Lamar en de kâns om it yn in nije wedstryd op te nimmen tsjin Radamiz, dy't in soartgelikense kompetysje oan 'e Amerikaanske eastkust wûn hie. Op 15 maart 2013 fersloech LightningCloud Radamiz yn Austin (Teksas), en wûnen se de kâns om in nûmer op te nimmen mei rapper Timbaland.

Priveelibben bewurkje seksje

Crystle Lightning wennet yn Studio City yn Súdlik Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.