De oant 56 m djippe Dútske Bocht (Nederlânsk Duitse Bocht, Dútsk: Deutsche Bucht, Deensk: Tyske Bugt) is in bocht yn de Noardsee, foar de kust fan Denemark, Dútslân en Nederlân. De Bocht leit op it kontinentaal plat.

In satellytbyld fan de Dútske bocht

De grutte Dútske bocht rint fan de West-Fryske waadeilannen, oer de East- en Noard-Fryske waadeilannen oan Jutlân yn Denemark ta. De begrinzing oan de noardwestkant is de yn de Noardsee lizzende Doggersbank. It part súdeastlik fan Helgolân wurdt ek wol oantsjutte as Helgolanner Bocht. Hjir is de see oant 56 meter djip.

By it suden fan de Dútske Bocht rint de drukke skipfeartsrûte fan de Noardsee tusken de mûning fan de Elbe en it Nau fan Calais.

It Sylter Butenrif foarmet in diel fan de Dútske Bocht.