Damwâld

doarp yn Dantumadiel, Fryslân

Damwâld is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Damwâld leit noardlik fan Broeksterwâld, eastlik fan Rinsumageast, westlik fan Wâlterswâld en besuden Dokkum. Damwâld hat 5.745 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Damwâld leit by De Krúswei, by de krúsing fan de Haadwei, de Foarwei en Doniawei.

Damwâld
Bonifatiustsjerke
Bonifatiustsjerke
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 5.745 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 13,29 km², wêrfan:
- lân: 13,27 km²
- wetter 0,1 km²
Befolkingsticht. 443 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 17' N 5° 59' E
Doarpsgebiet Damwâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet Damwâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Webstee Damwâld
Kaart
Damwâld (Fryslân)
Damwâld

Skiednis bewurkje seksje

 
Plaknammeboerd fan Damwâld

Damwâld is yn 1971 ûntstien troch de gearfoeging fan de eardere doarpen Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld. De namme DAMwâld ferwiist nei de begjinletters fan de trije eardere doarpen yn it Nederlânsk: Dantumawoude, Akkerwoude en Murmerwoude. It ferkoarte Dam bestie earder ek al en waard brûkt foar Dantumawâld. Dit is bygelyks te sjen oan de strjitnammen Damwâldsterreedsje, Damwâldster Trekwei (tsjintwurdich gewoan Trekwei) en Dammeloane.

De fúzje fan dy trije doarpen, in yn Nederlân tige seldsum barren, hie in politike achtergrûn. Oant en mei 1881 stie it gemeentehûs fan Dantumadiel yn Rinsumageast. Sûnt 1881 sieten de grytmannen yn Moarrewâld. Dat stie de ynwenners fan De Westereen net oan. Omdat De Westereen eartiids it grutste doarp yn de gemeente wie, mienden hja rjocht op it gemeentehûs te hawwen. Dêrom waard yn 1971 besletten de trije neamde doarpen gear te foegjen ta Damwâld. Omdat de ynwenners fan Damwâld oan de nije namme wenne moasten, ha de âlde plaknammebuorden der noch in skoftke stien. Hjoed-de-dei steane dizze âlde plaknammebuorden der net mear.

Earder hearde Broeksterwâld (doe mei de namme De Ikkerwâldster Broek) ek by Damwâld mar dat is sûnt 1964 in selsstannich doarp.

Damwâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein en is sûnt 1881 haadplak.

Dantumawâld bewurkje seksje

De tsjerke moat om 1200 hinne boud wêze en yn 1755 ôfbrutsen. De earste boarnen skriuwe yn 1369 oer "Dointhimwalda", letter wurdt dit yn 1421 "Dontimwalda" en yn 1505 Dantumwald. Dont wiist op in hege sânrêch yn in fierder sompich feangebiet. Dizze dont rint fan Driezum en Damwâld nei Rinsumageast. Op dizze sânrêch hawwe yn de rin fan de tiid in soad foaroansteande famyljes wenne yn Dantumawâld. It docht bliken út de states en stinzen dy't hjir stienen en stean:

Ikkerwâld bewurkje seksje

Foardat it gebiet ôfgroeven waard wie de grûn geskikt foar lânbou. It doarp krige dêrtroch har namme. Mar nei de feanterij bleaun der skrale sângrûn oer. Hjir stiene ek aadlike huzen:

Moarrewâld bewurkje seksje

It doarp is boud op de Murimma terp, en krige syn namme troch moarre nei de swarte (wiete) feangrûn dêr't letter turf fan stutsen waard. Hjir hawwe ek in soad aadlike huzen stien. Yn Moarrewâld kaam yn 1881 by de Krúswei in nij gemeentehûs te stean.

Mienskip bewurkje seksje

 
eardere Gemeentehûs
 
De Ikker
 
Benediktustsjerke

Basisskoallen bewurkje seksje

  • KBS De Sprankeling (Kristlik)
  • Dr. J. Botkeskoalle (Iepenbier)

Mei it begjin fan skoaljier 2020-2021 binne de eardere Kristlike basisskoallen De Bron en De Fontein gearfoege ta ien skoalle: De Sprankeling. Dizze nije skoalle sit mei de Dr. J. Botkeskoalle en in nije sporthal op Kampus Damwâld oan de Badhúswei.

Spesjaal ûnderwiis bewurkje seksje

Yn Damwâld stiet in ynstelling foar dreech learende en/of beheinde bern: De Wingerd. De Wingerd is in Kristlike skoalle foar learlingen mei in ûntwikkelingsachterstân. De skoalle hat twa lokaasjes: ien oan De Klimmer foar it basisûnderwiis en ien oan de Nijewei foar it fuortset ûnderwiis.

Fuortset ûnderwiis bewurkje seksje

Sûnt 1919 hie Damwâld in feriening foar fuortset ûnderwiis, de feriening foar Kristlik MULO yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 augustus 1921 waard de (M)ULO iepene, yn in pân oan de haadwei dêr't hjoed-de-dei in meubelsaak sit. De skoalle stie dêrnei jierrenlang oan de Nijewei, ûnder de namme Kristlike Mafû De Saad. Mei yngong fan skoaljier 2020/2021 is de skoalle fanwege it weromrinnend tal learlingen definityf sletten. Yn it skoalgebou is tsjintwurdich it fuortset ûnderwiis fan De Wingerd húsfeste.

Ferieningen bewurkje seksje

  • WIK'34 - kuorbal
  • Sportferiening Damwâld (SVD) - gymnastyk
  • Fuotbalferiening Broekster Boys
  • De Wâlden - fuotbal
  • K '75 - basketbal
  • Nut en Nocht - keatsen
  • Blauwe Doffer - dowen
  • It Honk - grifformearde jongerein
  • Hjir Binne We Dan - toaniel
  • Skaakwâld (Schaakwoude) - skaken

Befolkingsferrun bewurkje seksje

  • 1974: 4814
  • 2004: 5934
  • 2008: 5568
  • 2014: 5640
  • 2016: 6067
  • 2018: 5610
  • 2021: 5600

Bekende ynwenners bewurkje seksje

Foarsjennings bewurkje seksje

Damwâld hat in winkelsintrum oan de Conradi-Veenlandstrjitte, mei dêryn in twatal supermerken en noch in stikmannich oare winkels/ytgelegenheden. Neist dit winkelsintrum leit bedriuweterrein De Moarren, wêr't in stikmannich bedriuwen te finen binne. Dêrbûten binne der troch it doarp hinne noch mear winkels en bedriuwen te finen. Herberch De Krúswei is it doarpshûs fan Damwâld. Fierder hat it doarp noch in park, in sporthal en twa fuotbalklups.

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
De Krúswei

Monuminten bewurkje seksje

It âldste diel fan de herfoarme tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Benediktus is út de 12e iuw.

De Sûkerei bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Kultuerhistoarysk Sintrum de Sûkerei.

De Sûkerei is in museum wêr't it libben yn de Fryske Wâlden rûnom 1900 sintraal stiet. De eardere sûkereidrûgerij, wêroan't it museum har namme ûntlient, fungearret as besikerssintrum. Yn dizze âlde drûgerij is it produksjeproses fan sûkereikofje te sjen, in produkt wat eartiids yn de gemeente Dantumadiel in soad produsearre waard. Fierder binne der yn dit museum in oantal wâldhûskes te bewûnderjen, dy't earne oars yn de gemeente ôfbrutsen binne en hjir opnij opboud binne. Yn 2016 is de poldermûne De Mearmin fan Rinsumageast hjiroan tafoege wurden. Dy mûne is ôfbrutsen en op it terrein fan De Sûkerei yn Damwâld opnij opboud.

Strjitten bewurkje seksje

Alle strjitten yn Damwâld.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Dantumadiel
 
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
wizigje