Dan George (opperhaad)

Dan George (berne as: Geswanouth Slahoot, en gauris Chief Dan George neamd, "Opperhaad Dan George"; North Vancouver, 24 july 1899Vancouver, 23 septimber 1981) wie in Kanadeesk akteur, dichter, publisist en aktivist fan Yndiaansk komôf. Hy wie in opperhaad fan 'e Tsleil-Wautût, in lytse etnyske groep oan 'e kust fan súdlik Britsk-Kolumbia. Hy is it bekendst wurden fan syn gedicht My Heart Soars, fan syn rol as de Sjeroky-Yndiaan Lone Watie yn 'e Amerikaanske western The Outlaw Josey Wales en fan syn rol as it Sjajinske opperhaad Old Lodge Skins yn 'e western Little Big Man.

Dan George
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Geswanouth Slahoot
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 24 july 1899
berteplak North Vancouver
   (Britsk-Kolumbia)
stoarn 23 septimber 1981
stjerplak Vancouver (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Tsleil-Wautût
jierren aktyf 19601980
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Dan George waard yn 1899 berne yn it Yndianereservaat Burrard Inlet 3 fan 'e Tsleil Wautût, dat oan 'e Burrard-ynham leit yn it distrikt North Vancouver, yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De Tsleil-Wautût binne in lytse Yndiaanske etnyske groep dy't ta it gruttere ferbân fan 'e Kust-Salisjaanske folken heart. George syn (Yndiaanske) bertenamme wie Geswanouth Slahoot, mar hy krige in Ingelske namme dy't yn 't earstoan Dan Slaholt wie. Doe't er mei fiif jier, lykas de measte Yndiaanske bern yn dy tiid, ûnder twang fan 'e Kanadeeske oerheid nei in ynternaat stjoerd waard, mei de bedoeling om him oan syn komôf te ûntskuorren en him de blanke kultuer by te bringen, waard syn efternamme feroare yn 'George'.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't er folwoeksen wurden wie, hie George yn 't earstoan ferskate banen. Sa wurke er as havenarbeider, as boufakker en as sjauffeur fan in skoalbus. Fan 1951 oant 1963 wie hy it opperhaad fan 'e Tsleil-Wautût Naasje, de stamme-organisaasje dy't syn folk fertsjintwurdige (hoewol't dy doedestiden noch de Burrard Yndianetroep hiet).

Yn 1960, doe't er al 61 jier wie, gie George foar it earst as akteur oan it wurk doe't er de rol fan Ol' Antoine (útspr.: "Ool Entwaain") krige yn 'e Kanadeeske tillefyzjesearje Cariboo Country. Njoggen jier letter soed er deselde rol fertolkje yn 'e Disney-film Smith! (1969), dy't op in ôflevering út 'e searje basearre wie. (Beide ferfilmings giene úteinlik werom op 'e novelle Breaking Smith's Quarter Horse, fan Paul St. Pierre.) Yn 1970, doe't er ûnderwilens 71 jier wie, wûn George mei syn rol as it Sjajinske opperhaad Old Lodge Skins yn 'e Amerikaanske film Little Big Man de National Society of Film Critics Award en de New York Film Critics Circle Award, beide yn 'e kategory fan bêste manlike byrol. Boppedat waard er foar dyselde rol nominearre foar de Oscar foar bêste manlike byrol. Neitiid spile George yn mear Amerikaanske films, wêrûnder Cancel My Reservation (1972), Alien Thunder (1974), The Bears and I (1974) en Harry and Tonto (1974).

Syn bekendste rol hie Dan George yn 1976, as de âlde Sjeroky-Yndiaan Lone Watie, dy't freonskip slút mei it titelpersonaazje, spile troch Clint Eastwood, yn 'e western The Outlaw Josey Wales. Oare films dêr't George yn te sjen wie, wiene Shadow of the Hawk (1976), Americathon (1979), Spirit of the Wind (1979) en Nothing Personal (1980). Op 'e tillefyzje hied er rollen yn in ôflevering fan 'e searje Kung Fu, yn ferskate ôfleverings fan The Beachcombers, en yn 'e histoaryske minysearje Centennial, út 1978, nei it boek fan James A. Michener.

George wie ek aktyf as toanielakteur. Sa spile er Rita Joe har heit it toanielstik The Ecstasy of Rita Joe, fan George Ryga, wêrmei't er op 'e planken stie yn Vancouver, Ottawa en Washington, D.C. George brûkte syn aktearkarriêre en de bekendheid dy't er dêrmei krige om better begryp te kweken tusken blanken en Yndianen. Yn 1973 naam er fierders it liet My Blue Heaven op mei de band Fireweed, mei it nûmer Indian Prayer op 'e B-side. Yn 1974 brochten hy en Fireweed in album út mei de titel Chief Dan George & Fireweed: In Circle, dêr't de beide neamde lieten op stiene en noch sân oaren deropta.

Njonken syn aktearkarriêre wie Dan George ek dichter en publisist. Syn essay Lament for Confederation, wêryn't er útfear tsjin 'e dieverij fan Yndiaanske grûn troch it blanke kolonialisme, waard yn Vancouver foardroegen as ûnderdiel fan 'e plechtichheid ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan Kanada yn 1967. Dêrmei droech er sterk by oan in nij elan en in oanwaaksend polityk aktivisme mank it Yndiaanske folksdiel, en teffens wekke it gruttere sympaty foar de Yndiaanske saak op by in grut diel fan 'e blanke befolking. Yn 1971 waard George mei de rang fan ofsier opnommen yn 'e Oarder fan Kanada.

Ferstjerren bewurkje seksje

Dan George kaam yn 1981 yn 'e âlderdom fan 82 jier yn Vancouver te ferstjerren, en waard begroeven op it tsjerkhôf fan Burrard.

 
De British Columbia Hall of Fame-stjer fan Dan George op it trotwaar fan Granville Street, yn Vancouver.

Neilittenskip bewurkje seksje

De Kanadeeske akteur Donald Sutherland lies it folgjende diel foar út it ferneamde gedicht My Heart Soars, fan Dan George, as ûnderdiel fan 'e iepeningsseremoanje fan 'e Olympyske Winterspullen fan 2010, dy't holden waarden yn Vancouver:

The beauty of the trees,
the softness of the air,
the fragrance of the grass,
speaks to me.
And my heart soars.

Nei Dan George binne ferneamd:

Neiteam bewurkje seksje

Dan George syn soan Leonard George (1946-2017) wie ek akteur. Dan George syn pakesizzer Lee Maracle is in dichteresse, skriuwster, aktiviste en heechlearaaresse. In oare pakesizzer, Charlene Aleck, is in aktrise dy't achttjin jier lang meiwurke oan 'e dramasearje The Beachcombers. Syn oerpakesizzer Columpa Bobb is in aktrise en dichteresse.

Skreaune wurken bewurkje seksje

  • 1974 – My Heart Soars (dichtbondel, mei Helmut Hirnschall)
  • 1981 – You Call Me Chief: Impressions of the Life of Chief Dan George (autobiografy, mei Hilda Mortimer)
  • 1982 – My Spirit Soars (dichtbondel, mei Helmut Hirnschall)
  • 2003 – The Best of Chief Dan George (dichtbondel, mei Helmut Hirnschall)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.