Daniel Libeskind (Łódź, 12 maaie 1946) is een Amerikaanske arsjitekt fan Poalske komôf. Hy is de soan fan Holocaust-oerlibbenen. Yn 1965 waard er naturalisearre ta Amerikaansk steatsboarger.

Daniel Libeskind

Hy ûntwurp ûnder oaren it Joadsk Museum Berlyn en foar it Keninklik Ontario Museum it Michael Lee-Chin Crystal, dat yn 2007 oplevere waard. Libeskind syn ûntwerp foar de 1 World Trade Center is útkard as ferfanging fan it World Trade Center yn New York.

Yn Nederlân hat Libeskind yn 1990 it Stedsmarkearingsplan Grins ûntwurpen. Syn eigen bydrage (ien fan de tsien) wie Open boek oan de A7 yn Grins.

In Land art projekt fan Libeskind is: Polderland Garden of Love and Fire (1997). Syn wurk heart ta de arsjitekuerstreaming fan it Dekonstruktivisme.

Keppelings om utens bewurkje seksje