Daphne Odjig (Wikwemikong (Ontario), 11 septimber 1919Kelowna (Britsk-Kolumbia), 1 oktober 2016) wie in Kanadeesk keunstskilderesse en tekeneresse fan mingd blank en Yndiaansk etnysk komôf. Hja skildere yn 'e saneamde Woodlands-styl en wie de driuwende krêft efter de Professional Native American Artists Association, dy't yn 'e folksmûle de Indian Group of Seven neamd waard. Odjig ûntfong in stikmannich prizen en ûnderskiedings foar har wurk, wêrûnder de Order of Canada, de Governor General's Award en trije earedoktoraten.

Daphne Odjig
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Daphne Odjig
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 11 septimber 1919
berteplak Wikwemikong (Ontario)
stoarn 1 oktober 2016
stjerplak Kelowna (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Ingelsk
Ottawa
Potawatomy
wurkpaad
wurksum as keunstskilderesse, tekeneresse
jierren aktyf 19402016
prizen Order of Canada 1986
Governor General's Award 2007
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Odjig waard yn 1919 berne yn wat no it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat is, op it eilân Manitoulin yn 'e Hueronmar, dat ta de Kanadeeske provinsje Ontario heart. Hja wie de âldste dochter fan Dominic Odjig en Joyce Peachy, en hie twa bruorren en in suster: Stanley, Winnifred en Donavan. Oan har heitekant stamme hja yn in rjochte line ôf fan it Potawatomy-opperhaad Swarte Patriis, mar hie se dêrnjonken fral Ottawa-bloed. Har mem wie in Ingelse, dy't Dominic Odjig mette en mei him troude doe't er ûnder de Earste Wrâldoarloch yn Ingelân legere wie.

Doe't Odjig trettjin jier wie, rekke se oanhelle mei akute reuma en moast se dêrom fan skoalle ôf. Wylst se thús yn Wikwemikong stadichoan wer opbettere, brocht se in protte tiid troch mei har pake Jonas Odjig, dat in byldhouwer wie. Dy fitere har oan om sels ek oan keunst te dwaan. Ek har mem, dy't in protte borduerre, en har heit, dy't syn traumatyske oarlochsûnderfinings ferwurke troch der tekenings fan te meitsjen, wiene keunstsinnich oanlein. Fiif jier letter kamen yn itselde jier sawol Odjig har pake as har mem te ferstjerren. Odjig ferfear doe nei Parry Sound (Ontario), en doe't twa jier dêrnei de Twadde Wrâldoarloch útbriek, sette se har nei wenjen yn Toronto, dêr't se fabryksarbeidster waard, wylst se yn har krappe frije tiid de museä en keunstgalleryen fan 'e stêd ôfstrúnde. Yn dy tiid rekke se sterk beynfloede troch it kubisme fan sokke keunstskilders as Pablo Picasso.

Karriêre bewurkje seksje

Nei de oarloch ferfear Odjig yn 1945 nei Britsk-Kolumbia, en yn 'e 1960-er jierren fêstige se har yn Manitoba. Oan it begjin fan dat desennium briek se einlings troch yn 'e Kanadeeske keunstwrâld mei har tekenings mei Eastyndyske inket fan Kry-Yndianen út noardlik Manitoba en harren deistich libben. Odjig siet yn noed oer it ferdwinen fan 'e tradisjonele libbenswize fan 'e Yndianen yn Kanada, en hope by te dragen oan it behâld dêrfan troch der tekenings fan te meitsjen. Yn 1963 krige se foar it earst formele erkenning as keunstneresse, doe't se talitten waard ta de British Columbia Federation of Artists.

Yn 1971 iepene Odjig yn Winnipeg in ambachtlik wurkplak en in lytse drukkerij mei de namme Odjig Indian Prints of Canada. Twa jier letter, yn 1973, stifte se mei Alex Janvier en Norval Morrisseau de Professional Native American Artists Association, dy't yn 'e folksmûle de Indian Group of Seven neamd waard. Dat wie in feriening fan Yndiaanske keunstners dy't tentoanstellings fan it wurk fan 'e leden organisearre, en hoewol't dy organisaasje net in lang libben beskern wie, wurdt Odjig tsjintwurdich mei hjirtroch beskôge as ien fan 'e grûnlizzers fan 'e moderne Yndiaanske keunstwrâld yn Kanada.

Ek yn 1973 krige Odjig in stúdzjebeurs fan 'e Brucebo Stifting, wêrnei't hja in healjier betelle as keunstskilderesse oan it wurk koe op it Sweedske eilân Gotlân. Yn 1974 wreiden Odjig en har man Odjig Indian Prints of Canada út ta in keunstgallery en neamden it bedriuw om ta New Warehouse Gallery. It wie de earste keunstgallery yn Kanada dy't útslutend Yndiaansk wurk toande en ek de earste Kanadeeske keunstgallery dy't eigendom wie fan in Yndiaan.

Styl bewurkje seksje

Odjig har iere wurken wiene tige reälistysk fan styl, mar letter sette se útein mei te eksperimintearjen mei oare streamings, lykas it ekspresjonisme en it kubisme. Uteinlik ûntwikkele se in hiel eigen styl, de saneamde Woodlands-styl, wêryn't se eleminten gearbrocht fan Yndiaanske piktogrammen en Yndiaanske tradisjonele keunst mei Jeropeeske techniken en stilen út de tweintichste iuw. Neffens in omskriuwing fan de National Gallery of Canada bestiet Odjig har wurk út "rûne kontoeren, skerpe skiedings tusken de kleurflakken, oerlaapjende foarmen en in ûnoertroffen gefoel foar kleur."

Yn de 1960-er jierren begûn Odjig foarfallen út 'e myten fan Manitoulin te skilderjen, en yn 'e 1970-er jierren lei se har fierder ta op har Yndiaanske erfskip en kultuer, en de ynfloed dy't de kolonisaasje fan Kanada troch de blanken dêrop hân hie. As ûnderwerpen foar har wurk keas hja û.m. mytology, skiednis en lânskippen. Yn guon skilderijen ferkende se fierders ek eroatyske tema's. Yn 1974 levere Odjig de yllustraasjes foar Tales from the Smokehouse, in samling tradisjonele Yndiaanske erotika, skreaun troch Herbert T. Schwarz. Oare ûnderwerpen fan har wurk wiene minklik lijen, minsklike relaasjes en it belang fan famylje en besibskip.

Erkenning bewurkje seksje

Odjig hat ferskate printeboeken mei har wurk publisearre, en der binne teminsten trije dokumintêres oer har makke. Yn 1986 waard se opnommen yn 'e Order of Canada, en yn 2007 yn 'e Order of British Columbia. Hja hat earedoktoraten ûntfongen fan 'e Laurinsiaanske Universiteit (1982), de Universiteit fan Toronto (1985) en de Universiteit fan Nipissing (1995). Yn 2007 waard har de Governor General's Award takend yn de kategory fisuële en media-keunsten. Yn 2011 waarden trije fan har skilderijen troch Canada Post ta postsegel makke.

Priveelibben bewurkje seksje

Odjig kaam yn 'e kunde mei Paul Somerville wylst se yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Toronto wenne en wurke. Se trouden en ferfearen nei de oarloch nei Britsk-Kolumbia, dêr't se twa soannen krigen. Nei't Somerville ûntidich kommen wie te ferstjerren by in ferkearsûngemak, wertroude Odjig yn 1962 mei Chester Beavon, in mienskipsûntwikkelingswurker foar it Departemint fan Yndiaanske Saken, mei wa't sy en har soannen nei Manitoba ferhuzen.

Ferstjerren bewurkje seksje

Hoewol't se oan rimmetyk oan har rjochterhân litte, gie Odjig troch mei tekenjen oant har dea. Hja kaam op 1 oktober 2016 yn 'e âlderdom fan 97 jier te ferstjerren yn har wenplak Kelowna, yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • 1992 – A Paintbrush in My Hand (mei Rosamond M. Vanderburgh en Beth Southcott)
  • 2001 – Odjig: The Art of Daphne Odjig, 1960-2000 (mei Bob Boyer, Carol Podedworny en Phillip Gevik)
  • 2005 – Daphne Odjig: Four Decades of Prints (mei Jann L.M. Bailey en Morgan Wood)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.