Daphne du Maurier

Daphne du Maurier (Londen, 13 maaie 1907Par (Cornwall), 19 april 1989) wie in Britsk skriuwster fan meast histoaryske- en hjoeddeiske romans út Cornwall. Har meast ferneamde wurk Rebecca (1938) waard in klassiker en wie de basis foar de film Rebecca troch Alfred Hitchcock dy't mei in Oscar bekroane waard.

Daphne du Maurier
skriuwer
Daphne du Maurier (om 1930)
Daphne du Maurier (om 1930)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 13 maaie 1907
berteplak Londen
stoarn 19 april 1989
stjerplak Par (Kornwal)
wurk
taal Ingelsk
sjenre Roman, histoaryske roman, koart ferhaal
bekendste
  wurk(en)
Jamaica Inn, Rebecca, The Scapegoat, The Birds
prizen National Book Award
jierren aktyf 1931–1989
offisjele webside
http://www.dumaurier.org/

Libben en wurk bewurkje seksje

Sy waard berne yn Londen as dochter fan de akteur/toanielspiler Gerald du Maurier en bernsbern fan de skriuwer George du Maurier. Sy en har susters waarden grutbrocht yn Londen en Parys en krigen priveeûnderrjocht. Sy wie finansjeel ûnôfhinklik, dat sy hie de tiid oan harsels en sylde en reizge in protte. Doe't sy 19 jier wie besleat sy nei in fakânsje dêre, dat se yn Cornwall wenje woe. The Loving Spirit, har earste roman, waard útbrocht yn 1931.

Sy troude mei luitenant-generaal Sir Frederick Browning mei wa't sy in soan en twa dochters krige. Ien fan de pear kear dat sy bûten har romans om yn de iepenbierheid trede, wie yn 1977 as widdo fan Browning om him te ferdigenjen tsjin de krityk oer syn destiids optreden yn de slach om Arnhim dat ferfilme waard yn de film A Bridge Too Far (1976-1977).

Yn it earstoan skreau sy meast klassike histoaryske romans, hoewol't dat doe net yn de moade wie. Letter ûndersocht sy de mooglikheid fan reizgjen yn de tiid yn de tagelyk moderne en histoaryske roman The House on the Strand (1969). Sy makke de horrorferhalen The Birds(1963) en Don't look now. Ferneamd wurden is het boppe al neamde Rebecca, in goatyske roman. In tal fan har boeken binne ferfilme, sa as it yn Cornwall spyljende Jamaica Inn (1936), Frenchman's Creek (1942) en My Cousin Rachel (1951). De Alfred Hitchcock-film The Birds is basearre op ien fan har koarte ferhalen, lykas ek de film Don't Look Now. Op telefyzje hat Du Maurier in tal fan har romans en ferfilmingen dêrfan taljochte; op ynternet binne klips fan it programma tesjen. [1]

Du Maurier skreau ek net-fiksje. Yn The Glass-Blowers beskriuwt sy har Frânske foarfaars.

Sy waard Dame of the British Empire en stoar yn har hûs yn Cornwall, dêr't in protte fan har boeken har ôfspylje en dêr't har jiske ek ferstruid waard.

Der ward grutte dat Du Maurier lesbyske gefoelens hie en yntime ferhâldingen mei froulju hân hat, ûnder oaren mei Gertrude Lawrence. Sels beskreau sy har persoan as twaliddich: frou en mem, mar mei in manlik skeppend prinsipe efter har romans.

Publikaasjes bewurkje seksje

Fiksje bewurkje seksje

  • The Loving Spirit (1931)
  • I'll Never Be Young Again (1932)
  • Julius (1933)
  • Jamaica Inn (1936)
  • Rebecca (1938)
  • Rebecca (1940) (toanielstik — du Mauriers bewurking fan har roman)
  • Happy Christmas (1940) (short story)
  • Come Wind, Come Weather (1940) (samling koarte ferhalen)
  • Frenchman's Creek (1941)
  • Hungry Hill (1943)
  • The Years Between (1945) (toanielstik)
  • The King's General (1946)
  • September Tide (1948) (toanielstik)
  • The Parasites (1949)
  • My Cousin Rachel (1951)
  • The Apple Tree (1952) (koarte ferhalen)
  • The Scapegoat (1957)
  • Early Stories (1959) (sammelbondel koarte ferhalen, skreaun tusken 1927–1930[2])
  • The Breaking Point (1959) (sammelbondel koarte ferhalen, ek wol The Blue Lenses)
  • Castle Dor (1961) (mei Sir Alfred Quiller-Couch[3])
  • The Birds and Other Stories (1963) (werútjefte fan The Apple Tree[4])
  • The Flight of the Falcon (1965)
  • The House on the Strand (1969)
  • Not After Midnight (1971) (koarte ferhalen samling, ek wol Don't Look Now neamd[5])
  • Rule Britannia (1972)

Non-fiksje bewurkje seksje

  • Gerald (1934)
  • The du Mauriers (1937)
  • The Young George du Maurier (1951)
  • Mary Anne (1954)
  • The Infernal World of Branwell Brontë (1960)
  • The Glass-Blowers (1963)
  • Vanishing Cornwall (1967)
  • Golden Lads (1975)
  • The Winding Stairs (1976)
  • Growing Pains—the Shaping of a Writer (1977) (ek wol Myself When Young—the Shaping of a Writer)
  • Enchanted Cornwall (1989)

Ferfilmingen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fideo's op DuMaurier.org
  2. Early Stories op DuMaurier.org
  3. Castle Dor op DuMaurier.org
  4. The Birds op DuMaurier.org
  5. Not After Midnight op DuMaurier.org