David Meese (Ljouwert, 25 desimber 1723 - Frjentsjer, 23 augustus 1770) wie in Frysk botanikus (bryolooch) bekend fan syn boek Flora frisica yn 1760. De ôfkoarting Meese wurdt brûkt om him oan te tsjutten as beskriuwer fan in plantesoarte.

Libben en wurk bewurkje seksje

Meese wie fan ienfâldich komôf en wie in autodidaktyske krûdedokter. Meese syn betûftens op dat mêd waard erkend troch de Universiteit fan Frjentsjer, dêr't er yn 1752 de lieding krige oer de botanyske tún.

Yn 1760 publisearre Meese in Fryske floara, de Floara frisica, dy't it Linneaanske klassifikaasjesysteem, fan Carolus Linnaeus, folge. Dêrnei folge de publikaasje fan de yn twa dielen ferskynde Plantarum rudimenta e.d. yn 1763, skreaun yn sawol it Latyn as it Nederlânsk. Hy wie ferneamd om syn eksperiminten yn 'e fysiology fan moassen. Hy ûndersocht de fersprieding fan it gewoane hiermos, Polytrichum kommune, en wie ien fan de earsten dy't in ferslach skreau oer de morfology fan it kymjen fan spoaren.

Meese wie ek de útfiner fan in spesjale siedmasine, in houten wein mei twa tsjillen mei gatten yn de efterberje om sied troch te litten.

De moassoarte Meesia waard nei him ferneamd yn 1788 troch syn tiidgenoat, de Dútske botanikus en dokter Johann Hedwig.

Publikaasjes bewurkje seksje

 
Foarside fan de Flora frisica
  • Flora frisica: of, Lyst der planten welke in de provintie Friesland in het wilde gevonden worden; waar by gevoegt is een korte beschryvinge van boovengenoemde landschap (1760)
  • Het XIX classe van de Genera plantarum van de heer Carolus Linnæus, Syngenesia genaamt: Opgeheldert en vermeerdert: Mitsgaders etc.(1761)
  • Plantarum rudimenta, sive illarum methodus. Ducta ex differentia earum seminum, cotyledonum, aliarumque partium, quae brevi tempore post earum propullulationem, ac ulterius incrementum, in iis conspiciuntur (1763)
  • Antwoord op de vraag: welke zyn de beste en minst kostbaare middelen, om het afneemen der oevers van het Haarlemmer Meer te beletten? (1768)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en referinsjes: en:David Meese