David Pendleton Oakerhater

David Pendleton Oakerhater (Sjajinske namme: Okehate ("Sinnedûnser"); Yndiaansk Territoarium, ±1847Watonga (Oklahoma), 31 augustus 1931) wie in Yndiaansk kriger fan 'e stamme fan 'e Súdlike Sjajinnen, dy't yn 'e Oarloch fan de Reade Rivier tsjin 'e Feriene Steaten focht. Hy waard neitiid as kriichsfinzene yn Floarida fêstholden, dêr't er aktyf wie as tekener en him ûntjoech ta ien fan 'e grûnlizzers fan 'e moderne Yndiaanske keunst. Letter learde er foar predikant en wurke er as episkopaalsk sindeling ûnder de Yndianen yn Oklahoma. Yn 1985 waard Oakerhater de earste Yndiaan dy't troch de Episkopaalske Tsjerke yn de Feriene Steaten fan Amearika hillich ferklearre waard.

David Pendleton Oakerhater
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Pendleton Oakerhater
oare namme Okehate ("Sinnedûnser")
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1847
berteplak Yndiaansk Territoarium
stoarn 31 augustus 1931
stjerplak Watonga (Oklahoma)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt predikant
aktyf as sindeling, keunstner, kriger
jierren aktyf ±18611931
reden
  bekendheid
ferneamd keunstner en sindeling,
   nei syn dea hillich ferklearre

Libben bewurkje seksje

Jonkheid en krigersjierren bewurkje seksje

Oakerhater waard om 1847 hinne berne yn it Yndiaanske Territoarium (dat letter de Amerikaanske steat Oklahoma wurde soe). Hy wie in Súdlike Sjajinne, de soan fan in kriger mei de namme Sliepende Wolf, en in squaw dy't fan Vanax hiet. Hy hie twa bruorren, in âlderen, Lyts Medisyn, en in jongeren, Wolvetonge. Oakerhater syn bernenamme wie Noksovest, dat "Rjochtútrinnende Bear" betsjut. Guon histoarisy binne fan betinken dat er de jongste man is dy't ea it sinnedûnsritueel trochstien hat, in inisjaasjerite dy't er ûndergie foar't er fjirtjin jier wie. Neitiid wie syn Sjajinske namme Okehate, wat "sinnedûnser" betsjut, mar dat letter troch de blanken ferbastere waard ta 'Oakerhater'.

Mei fjirtjin jier, om 1861 hinne, gie Oakerhater foar de earste kear op it oarlochspaad, by in oerfal op in doarp fan 'e Oto en Missoeria. Hy waard opnommen yn it Bôchkoarde Genoatskip, ien fan 'e fiif krigersgenoatskippen fan 'e Sjajinnen. Hoewol't it net ûntinkber is dat Oakerhater oanwêzich wie by it Bloedbad fan Sand Creek, yn 1864, wurdt ornaris oannommen dat er foar it earst yn 1868, by it Bloedbad fan de Washita, meifocht tsjin 'e Amerikanen.

Yn 1874 wie Oakerhater oanwêzich by in oanfal op 'e delsetting Adobe Walls, yn noardlik Teksas, dêr't har kolonisten nei wenjen set hiene dy't bizons streupten, mei it weidzjen fan harren fee gjin fretten foar it wyld oerlieten dêr't de Yndianen fan ôfhinklik wiene en dêropta ek noch hynders fan 'e Yndianen stielen. Under dy saneamde Twadde Slach by Adobe Walls, foelen sa'n 700 krigers fan 'e Komansjen, Kiowa en Súdlike Sjajinnen ûnder lieding fan it opperhaad Quanah Parker de útbuorren oan, mar moasten it lykwols ôflizze tsjin 'e bettere wapens fan 'e 29 blanke ferdigeners. Dit treffen wie ien fan 'e oanliedings foar de Oarloch fan 'e Reade Rivier (1874-1875).

 
Utsjoch oer it binnenplak fan Fort Marion.

Finzenskip yn Fort Marion bewurkje seksje

Yn 'e Oarloch fan de Reade Rivier waard it Yndiaanske Territoarium mei geweld troch it Amerikaanske leger 'pasifisearre'. Yn 1875 joegen de lêste Súdlike Sjajinnen har oer te Fort Sill, by wat no Lawton is, yn westlik Oklahoma. Under harren wie ek Oakerhater. In groep fan 74 Súdlike Sjajinnen waard doe, sûnder foarm fan proses, deportearre nei Fort Marion (de âlde fêsting Castillo de San Marcos), by Sint-Augustinus, yn Floarida, dêr't se foar ûnbepaalde tiid yn kriichsfinzenskip holden wurde soene. Oakerhater waard dêrfoar selektearre troch in dronken legerofsier yn tiidneed om't er by de earste achttjin fan rjochts hearde.

De ofsier dy't it befel hie oer it ferfier fan 'e finzenen nei Floarida, en dy't neitiid de kommandant fan Fort Marion waard, wie luitenant (letter kaptein) Richard Henry Pratt. Dat wie in man mei (foar syn tiid) foarútstribjende ideeën. Hy wie nammentlik fan miening dat Yndianen yn begjinsel like yntelligint wiene as blanken, en dat men harren inkeld de feardichheden oanleare moast dy't se yn 'e Westerske maatskippij nedich wiene, lykas kennis fan it Ingelsk, lêzen en skriuwen, it kristendom, ensfh. Dan soene se harsels rêde kinne en assimilearre wurde yn 'e blanke Amerikaanske befolking. Tsjintwurdich wurdt soks as kulturele genoside beskôge, mar yn in tiid dat it grutste part fan 'e blanke befolking letterlike genoside de bêste oplossing foar de Yndianen fûn, wie soks in ferljochte idee. (Fan syn eigen direkte superieur, de Yndianehater generaal Philip Sheridan, hoegde Pratt bgl. gjin help te ferwachtsjen.)

De libbensomstannichheden yn it âlde fort wiene yn 't earstoan abominabel. Sa sliepten de finzenen op 'e stiennen flierren fan har fochtige sellen, dy't allegear útkamen op it binnenplak. Ferskaten fan harren kamen yn 'e earste wiken om. Mar Pratt wurke hurd om it bestean yn Fort Marion te ferbetterjen. Hy bemachtige legerunifoarmen om 'e finzenen yn te klaaien, liet harren de keatlings ôfslaan dy't har oan it begjin fan 'e reis oanmetten wiene, en soarge dat der bêden kamen. Ek sette er de finzenen oan it wurk om op it binnenplak in houten barak te bouwen dêr't se sliepe koene. Letter, doe't der in beskate mjitte fan betrouwen ûntstien wie, helle Pratt syn superieuren oer om 'e Yndianen stikkene gewearen te jaan en liet er se op wacht stean, en noch wer letter mochten se ek putsjes opknappe bûten it fort, foar de pleatslike befolking.

Oakerhater waard troch Pratt oansteld as in soarte fan serzjant-majoar oer de oare finzenen. Hy moast derop tasjen dat hygiêne yn acht nommen waard, dat de unifoarmen fersoarge waarden, en dat der moarns militêre oefenings útfierd waarden. Pratt en syn frou hellen ek blanke ûnderwizers en ambachtslju nei it fort ta om 'e finzenen de Ingelske taal en lêzen en skriuwen te learen en te ûnderrjochtsjen yn bgl. timmerjen. Binnen twa jier spriek Oakerhater floeiend Ingelsk, en skreau er geregeldwei brieven oan blanken dêr't er kunde oan krigen hie.

 
Selsportret mei hynder, ±1875.

Pratt joech syn finzenen ek de beskikking oer grutboeken, eins bedoeld foar it byhâlden fan 'e boekhâlding. Yn Fort Marion waarden se lykwols brûkt foar it meitsjen fan keunst, benammen tekenings. De finzenen borduerren datoangeande fuort op 'e tradisjonele keunst fan harren folk, mei as ûnderwerpen folksdûnsen, jachtpartijen, hofmakkerij en it libben yn Fort Marion, mar ek foarfallen út it ferline. Dizze saneamde 'grutboekkeunst' wie doe al populêr ûnder blanke besikers, dy't der grif jild foar op 'e tafel lizze woene. Oakerhater wie de earste dy't mei sokke tekenings begûn, en hy produsearre se ek it meast. Syn wurk wurdt troch hjoeddeistige keunstkritisy omskreaun as "ferrifeljende nayf, mar eins tige kompeks yn opbou en ûnderwerp". Oakerhater ûndertekene syn wurk meast mei de namme 'Makket-Medisyn' (Making Medicine), in net-letterlike oersetting fan syn Sjajinske namme 'Sinnedûnser', dy't him troch de blanken taparte wie nei syn oerjefte. Tsjintwurdich binne syn tekenings tige kostbere samlersfoarwerpen, wêrfan't guon ta de kolleksje behearre fan it ferneamde Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C..

Episkopaalske ropping bewurkje seksje

Yn 1877 begûn in episkopaalske diaken, Mary Douglass Burnham, tsjerklike opliedings te beävensearjen foar de finzenen fan Fort Marion dy't dêr belangstelling foar hiene. Oakerhater joech oan dat dat foar him it gefal wie, en dêrop waard mei finansjele stipe fan Alice Key Pendleton, de frou fan senator George H. Pendleton, mei wa't Oakerhater yn kontakt kommen wie nei't er har dochter ien fan syn grutboeken presint dien hie, regele dat hy en syn frou Nomee harren nei wenjen sette koene yn Paris Hill, yn 'e steat New York.

Mei trije oare eks-finzenen, dy't oare sponsors hiene, gie Oakerhater dêr yn de lear by de pleatslike predikant, in J.B. Wicks, dy't him behalven it kristendom ek yn 'e kunde brocht mei lânboupraktiken en de wrâldskiednis. Krapoan in healjier letter liet Oakerhater him dope, en koart dêrnei died er belidenis. Dêrfoar naam er de bibelske foarnamme 'David' oan, wylst er ta eare fan syn sponsors de efternamme 'Pendleton' útkeas. Letter soe 'Oakerhater', de anglisearre foarm fan syn Sjajinske namme, syn wiere efternamme wurde, wylst 'Pendleton' doe syn middelnamme waard.

Underwilens hie kaptein Pratt, dêrta oanmoedige troch syn súksessen mei de finzenen fan Fort Marion, en mei stipe fan senator Pendleton, dy't datoangeande in subsidiëarringswet troch it Amerikaanske Kongres loadste, yn 1879 de earste skoalle foar Yndiaanske bern oprjochte. Dat wie de Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle, dy't fêstige waard yn guon leechsteande barakken yn Carlisle, yn 'e steat Pennsylvania. Nei't Oakerhater yn 1881 ta diaken wijd wie, gied er tegearre mei dûmny Wicks foar Pratt op reis troch it Yndiaanske Territoarium en de Dakota's, op 'e siik nei learlingen foar de skoalle yn Carlisle.

 
Oakerhater (rj.) as sindeling yn Oklahoma.

Under de Súdlike Sjajinnen fan it Darlington Agintskip, yn 'e omkriten fan wat no El Reno is, brûkte er syn ynfloed om 'e jongerein oer te heljen en besykje de episkopaalske tsjerketsjinsten. Letter wied er aktyf by it Anadarko Agintskip (by Anadarko), dêr't er sneins sels foargie, wylst er troch de wike de sike leden besocht fan ferskate stammen om te helpen by harren fersoarging. Yn 1887 wie Oakerhater belutsen by de bou fan in nije misjepost by Bridgeport, en yn 1889 wurke er mei oan 'e bou fan noch in misjepost by Fay. De Yndianen dy't er betsjinne, libben oer it algemien yn djippe earmoede (en bytiden honger), wylst in protte fan harren oan sykten litten dy't feroarsake waarden troch harren earmoedige libbenomstannichheden. Oakerhater syn krewearjen om dêr wat oan te dwaan, kaam him op aktive tsjinwurking fan 'e pleatslike blanken te stean, dy't him as in bedriging seagen foar harren besykjen om 'e Yndianen safolle mooglik út te rûpeljen.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 1872 troude Oakerhater mei Nomee, dat oerset wurde kin as "Tongerfrou". Hja krigen fjouwer bern, dy't lykwols allegear jong stoaren. Nomee sels ferstoar yn 1880 yn it kreambêd, in jier foar har soan Pavvanee. Beide lizze hja begroeven op it tsjerkhôf fan Paris Hill. Yn 1882 wertroude Oakerhater mei Nahepo ("Smokende Frou"), dy't de Ingelske namme 'Susie Pendleton' oannaam. Mei har hied er twa bern, dy't allebeide ek wer jong stoaren. Nahepo stoar yn 1890, doe't se 23 jier wie. Oakerhater moat ek noch troud west hawwe mei in Nanessan ("Ut 'e Jurk"), mei wa't er teminsten ien bern hie, en fan wa't er letter skiede. It is ûndúdlik wannear't dit trêde houlik plakfûn; it is mooglik dat it eins foarôfgie oan Oakerhater syn houlik mei Nomee.

Ferstjerren en hillichferklearring bewurkje seksje

Yn 1918, doe't er 71 jier wie, loek Oakerhater him út it aktive misjewurk werom. Hy ferhuze koarte tiid nei Clinton, mar sette him úteinlik mei in lyts pinsjoentsje nei wenjen yn Watonga. Hy gie troch mei te preekjen en tsjinne syn folk as opperhaad en religieus lieder. Hy ferstoar yn 1931, yn 'e âlderdom fan 84 jier. Foar in grut diel tanksij it wurk fan Lois Carter Clark, in histoarika fan Kriik-komôf, waard Oakerhater yn 1985 as de earste Yndiaan troch de Episkopaalske Tsjerke yn de Feriene Steaten fan Amearika hillich ferklearre as Sint-Oakerhater. Syn feestdei falt op 1 septimber, en op dy datum yn 1986 waard dat foar de earste kear plechtich fierd yn 'e Nasjonale Katedraal fan Washington yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., yn oanwêzigens fan Oakerhater syn eigen ôfstammelingen en Yndiaanske delegaasjes út Oklahoma.

Yn 'e Sint-Pauluskatedraal yn Oklahoma City is in kapel dy't oan Sint-Oakerhater wijd is. Deselde tsjerke hat ek in glês-yn-leadrút fan Sint-Oakerhater, dat ûntwurpen en makke is troch de Tlingit-glêzenier Preston Singletary, út Alaska. Dit rút is yn it plak kommen fan ien dat yn 1995 troch de bomoanslach op it Alfred P. Murrah Federal Building, út it kezyn blaasd waard. Yn 2000 liet ek de Sint-Joaristsjerke yn Dayton, yn 'e steat Ohio, in glês-yn-leadrút pleatse dat oan Sint-Oakerhater wijd is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.