David fan Menevia

David fan Menevia (Welsk: Dewi Sant; Latyn: Davidus; * ± 500 – † ± 589) wie in biskop fan Mynyw (it Latynske Menevia; tsjintwurdich St David's) yn de 6e iuw. Hy wie ôfkomstich út Wales en is dêr ek de patroanhillige fan. Fan it libben fan David bestiet net in soad histoaryske ynformaasje. Syn bertedatum is net wis, rûzings geane út fan it jier 462 oant 512. De tradysje wol ha dat er de soan wie van de hillige Non en in pakesizzer fan Ceredig ap Cunedda, kening fan it eardere Ceredigion (dat rûchwei oerienkomt mei it tsjintwurdige greefskip mei deselde namme). Hy soe yn it jier 569 ferstoarn wêze, mar der is ek in datearring fan 601.

David fan Menevia
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ±500
berteplak Greefskip Pembrokeshire
stjerdatum 1 maart 589 (tradisjoneel)
(of 601)
stjerplak Mynyw (tsjintwurdich St David's)
etnisiteit Welsk
wurkpaad
berop biskop
hillichferklearring
hillich ferkl. 1120
fereare troch Roomsk-katolike Tsjerke; Anglikaanske Tsjerke
attributen do, krússtêf
patroan fan Wales, Pembrokeshire, Naas, fegetarisme, dichters

Libben bewurkje seksje

David wurke him yn in bisdom op en pylgere nei syn wijing as preester nei Jeruzalim, dêr't er troch de patriarch as biskop fan Menevia salve waard. David siet nei syn pylgerreis nei Jeruzalim twa synoades yn 560 en 569 foar.

 
Grêf fan Sint-David yn de katedraal fan St David's

Hy wie preker en stifter fan kleasters yn in tiid dat de omkriten noch foar in grut part heidensk wiene. David fierde de regel yn dat muontsen sels de ploege sûnder help fan bisten lûke moasten. Hja mochten allinne wetter drinke en bôle mei sâlt en griente ite. It iten fan fleis wie ferbean. De strange regels waarden oanfolle mei in ferbod op persoanlik besit en sels it neamen fan it wurd "myn" yn relaasje ta in saak betsjutte al in oertreding fan dat ferbod. De jûns brochten de muontsen neffens de regel fan David troch mei bidden, lêzen en skriuwen. Foar himsels wie David lykwols noch stranger.

De hagiografy mei de measte ferhalen oer David hyt Buchedd Dewi, dy't yn de 11e of 12e iuw skreaun waard. De skriuwer Rhygyfarch besocht mei de hagiografy de Tsjerke fan Wales mear te ûnderskieden yn in tiid dat dy troch de Normandyske ynfaazje yn Ingelân fan 1066 bedrige waard.

David ferstoar op hege leeftyd, miskien wol tanksij syn fegetaryske dieet. Guon wolle ha dat er âlder dan 100 waard. Syn lêste wurde oan de harkers wiene: "Wês fleurich, behâld jim leauwe en de belidenis. Doch de lytse dingen dy't ik by jim dien hawwe en dêr't jim oer heart ha. Wat my oangiet, ik sil it paad gean dy't ús foarfaars al gien binne". Hjoeddedei binne de wurden "Doch de lytse dingen" (Gwnewch y pethau bychain) tige bekend yn de Welske taal en in grutte ynspiraasje foar mannichien.

Hy waard begroeven yn de katedraal fan St Davids, op it plak dêr't er sels in kleaster stifte hie. David waard troch paus Callistus II yn it jier 1120 hillich ferklearre. It grêf fan David ûntwikkele him yn de midsiuwen ta in wichtich doel foar pylgers.

De katedraal waard yn de 10e en 11e iuw regelmjittich plondere troch de Wytsings, dy't de weardefolle saken fan de skryn rôven. Yn 1275 waard in nije skryn makke en de basis dêrfan bestiet noch altiten. De reliken fan David waarden mei dy fan de hearremyt Justinianus fan Ramsey Island bewarre yn in stiennen kist op de basis. Yn de reformaasje liet biskop Barlow, in steile protestant, de reliken en de ealstiennen fan de skryn ferwiderje.

Ikonografy bewurkje seksje

Sint-David wurdt fakentiden foarsteld as biskop, dy't somtiden op in heuvel stiet mei in do boppe of op it skouder. De heuvel ferwiist nei it grutste mirakel dat yn it libben fan David bard wêze soe. Doe't er by de synoade fan Brefi (it tsjintwurdige Llanddewi Brefi) foar in grutte kliber folk preke, klage it folk yn de efterste rigen dat se it net goed sjen of hearre koene. Under de fuotten fan Dvid begûn doe de grûn omheech te kommen en der waard in heuvel foarme, sa't elkenien de preekjende biskop sjen en hearre koe. Mei kaam in do del op it skouder fan de biskop, it symboal fan de Hillige Geast, en in teken dat God oan harren kant stie. It plak fan dat wûnder hyt tsjintwurdich Llanddewi Brefi.

 
Optocht St. David’s Day yn Cardiff (2015)

Feestdei en ferearing bewurkje seksje

De feestdei fan Sint-David is fêststeld op 1 maart. Dy datum is in nasjonale feestdei yn Wales, dy't bekend stiet as St. David’s Day. It is in wurkdei, mar der binne dan yn Wales rûnom parades en optochten. Ynwenners stekke harren op dy dei yn tradisjonele dracht en drage in titelroas of sipelkrûd oan harren hoed. Sipelkrûd is in symboal fan Sint-David, dy't de Welske soldaten by de Slach tsjin de Angelsaksen it dragen fan sipelkrûd oan de helms op oanrikkemandearre om inoar sa better fan de Angelsaksen ûnderskiede te kinnen.

Yn Wales wiene foar de reformaasje likernôch fyftich tsjerken oan Sint-David wijd. Hjoed-de-dei binne de nei David ferneamde tsjerken benammen yn Ingelsktalige lannen lannen te finen. Dêrnjonken steane der ek Davidtsjerken yn Frankryk.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint David