De Dream

film út 1985 fan Pieter Verhoeff

De Dream is in Frysktalige film út 1985 fan Pieter Verhoeff (1938-2019). De film fan 93 minuten ûnder rezjy fan Verhoeff en muzyk fan Cees Bijlstra gie op 3 augustus 1985 yn premiêre.

Plot bewurkje seksje

De film is basearre op de Hogerhuissaak wêrby't de trije bruorren Hogerhuis troch de rjochtbank fan Ljouwert feroardield waarden ta selstraffen fan seis, alve en tolve jier fanwegen ynbraak en besykjen fan deaslach. Oant de ein fan de rjochtsaak hâlden se fol dat se ûnskuldich wiene. Haadpersoan fan de film waard de âldste en swierst strafte broer Wybren Hogerhuis, in steile en stege Fries. Wybren hat in relaasje mei de húshâldster fan in oerfallene boer, dielt mei har it bêdstee mar bliuwt har houlikfoarstellen ôfwizen. De ôfwiisde Ymkje sjocht har dream yn 't wetter fallen en wreket har troch him by de plysje oan te wizen as dieder. Yn it earstoan fol fertrouwen, dan mei ûnleauwen en op 't lêst ferbittere sjocht Wybren hoe't it needlot him om him en syn bruorren slút. Te grutsk om sels de nammen fan de echte dieders te neamen -leden fan de sosjalistyske beweging- moat hy oansjen hoe't solidariteitsgefoelens oaren behinderje om dat te dwaan. De krêft fan de beweging is tagelyk har swakkens: yndividuele belangen wurde opoffere oan de mienskiplike saak. Ymkjes dream en de 'reade' dream resultearje yn in nachtmerje foar de Hogerhuisbruorren.

Rolferdieling bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje