De Drentse Schilders

Keunstrûnte De Drentse Schilders is in eardere Nederlânsk keunstkollektyf.

Koart nei de Twadde Wrâldoarloch feriene in tal Drintske keunstskilders har yn in kollektyf om mei-inoar skilderijen te eksposearjen en ferkeapjen. Yn de simmer fan 1946 waard De Drentse Schilders oprjochte, letter dat jier wie de earste útstalling. Oprjochters en leden fan it earste oere wiene Reinhart Dozy, Erasmus Bernhard van Dulmen Krumpelman, Anton Heyboer, Hans Heyting, Jan Kagie, Louis Kortenhorst, Hein Kray en Arent Ronda. Dozy waard foarsitter. Letter treden ûnder oaren Erasmus Herman van Dulmen Krumpelman, Marieke Eisma en Evert Musch ta ta de feriening.

De keunstrûnte eksposearre alle simmers en winters yn it Asser Gymnasium en letter ek yn it V.O.R.K.-gebou oan de Brink yn Assen. Der wiene geregeld ûnienichheden ûnderinoar oer de kwaliteit fan it wurk dat levere waard. Kagie wie ien fan de earsten dy't al nei in pear moanne de keunstrûnte ferliet. Yn 1953 foel it doek foar De Drentse Schilders. It jier dêrnei waard troch in oantal fan de âld-leden it Drents Schildersgenootschap oprjochte.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: