De Falom is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De Falom leit noardeastlik fan Feanwâlden, westlik fan De Westerein en súdeastlik fan Broeksterwâld. De Falom hat 245 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De Falom hat gjin doarpskearn, de bebouwing leit oan de Haadwei en de Falomster Feart (Mûnewei en Rinewâl).

De Falom
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 245 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,09 km², wêrfan
- lân: 3,96 km²
- wetter: 1,2 km²
Befolkingsticht. 66 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 6° 00' E
Offisjele webside
FB-side
Webstee Broeksterwâld
Kaart
De Falom (Fryslân)
De Falom

Skiednis bewurkje seksje

 
De Falom yn 1938 (lofts it tolhûs)

De Falom is yn de 16e iuw ûntstien as feankoloanje, in delsetting foar feanarbeiders. De Falomsterfeart waard doe groeven om de ôfgroeven turf ôf te fieren. De feart wie ek om oerstallich wetter ôf te fieren. Om tsjin te gean dat der sâlt wetter, dat yn it gebiet beëasten De Falom stie, [boarne nedich] troch de feart yn it grûnwetter komme soe, waarden der plannen makke om in slûs yn de feart te meitsjen. Troch jildpine kaam dy der net, wol waard der in overtoom oftewol in falom oanlein: in konstruksje om in skip oer lân fan it iene farwetter yn it oare te lûken. Sa waard it swiete en it sâlte wetter skieden holden. De Falom soe dêrtroch syn namme krigen hawwe. Nammekundigen ûntstride lykwols de krektens fan dy ferklearring.[3]

Sûnt 1964 is De Falom in selsstannich doarp. Dêrfoar wie it in buorskip fan it eardere Moarrewâld.

De Falom hat altyd al yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

Mienskip bewurkje seksje

It doarp hat in Feriening Doarpsbelang. De Falom en Broeksterwâld dogge in soad meiïnoar. Sa stiet it doarpshûs 'De Pipegaal' fan De Falom oan de ds. Feitsmastrjitte yn Broeksterwâld.

Ferienings bewurkje seksje

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 266 278 262 253 263

Strjitnammen bewurkje seksje

  • De Houtwielen
  • Achterwei
  • Auke Jansstrjitte
  • Hegewâl
  • Haadwei
  • Mûnewei
  • Rinewâl - fytspaad bylâns de Falomster Feart. De wurden ‘rien' en 'ryn' binne nammen foar wetter dat yn beweging is.

Natoer bewurkje seksje

 
Goddeleaze Singel, pealtsjasker
 
Ferbiningsgebiet Houtwiel mei de Sweager Mieden mei brêge fan de Sintrale As oer de Falomster Feart

Súdeastlik fan it doarp leit oan de grins mei Feanwâlden de Houtwiel, in gebiet mei plassen en reitfjilden. De grins fan De Falom mei it doarpsgebiet fan Feanwâlden wurdt foarme troch de Goddeleaze Singel, in lokaasje dêr't ferskillende spûkferhalen oer besteane. It gebiet is relatyf ryk oan reiddompen. Yn it natoergebiet stiet tichteby de singel in tsjasker, dy't yn 2017 stikken waaide en yn 2019 wer nij boud is.[4] By de brêge oer de Falomster Feart stiet it Goddeleaze Tolhûs. De Goddeleaze Singel foarmet ûnderdiel fan it Bonifatius Kleasterpaad.[5] Yn it ramt fan de oanlis fan de Sintrale As is it gebiet súdlik fan de Falomster Feart ek werynrjochte as natoergebiet, dat no de Houtwiel ferbynt mei de Sweager Mieden.[6]

Publikaasje(s) bewurkje seksje

  • Andries Peterson "De Falom, tinzen fan Broer"

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Dantumadiel
 
Haadplak: Damwâld
Doarpen en útbuorrens: BroeksterwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part) • RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld
Eardere doarpen: DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld