De Geau is in wetter tusken de stêden Drylts en Snits yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Geau is krekt as gau in namme foar in wetter.

Geau yn Drylts (2008)

De Geau is in ûnderdiel fan de ferbining Snitser Mar - Hegemer Mar en wurdt dêrtroch yn 'e simmer drok befearn. Krekt bûten it sintrum fan de stêd Snits is de Geaubrêge, ien fan de fiif brêgen oer de rivier. Op dat punt krúst de Stêdsrûnwei Súd de rivier. De Geaubrêge is de grutste oerspanning fan de rivier, mei in hichte fan 3.16 m. en in breedte fan wol 9 meter.

By dizze brêge wurdt boud oan it Geau-akwadukt dy't nei alle gedachten yn 2008 foltôge wurdt.

Yn Snits markeart de Toppenhúster Brêge de einpunt fan de rivier; it wetter giet dan mûglik fierder as de Snitser Aldfeart. Oan de súdwesteind giet it wetter as De Feart fierder troch Drylts nei it westen en einiget dan yn it Wiiddraai. Op âlde kaarten is te sjen dat der eartiids in wetter fierder nei it westen gong; it Wiiddraai is mooglik earst ûntstien doe't de Wide Wimerts groeven is.

Markante gebouwen oan de rivier binne Wettermole De Rat yn Drylts en Wetterpoarte yn Snits.