De Groote Polder is in poldermûne yn Slochteren yn de provinsje Grinslân. Oant 1975 hie de mûne gjin namme en de mûne waard gewoan oantsjut mei it plak dêr't er stie, nammentlik yn de 'Groote Polder'. Yn 1975 krige de mûne de namme "De Groote Polder", mar op it burd stie mei fersin "De Groote Poldermolen". Op in tal plakken wurdt de mûne as de "Grotepoldermolen" oantsjut, itjinge net goed is.

De Groote Polder
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
plak Slochteren
adres Groenedijk 22
bysûnderheden
type bouwurk Poldermûne
boujier 1783
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33795 [1]
offisjele webside
Mûnestifting Midden- en East-Grinslân

De mûne is yn 1783 boud as poldermûne mei in skeprêd. It is de âldste noch besteande èn wurkjende poldermûne fan Grinslân. It skeprêd waard letter ferfongen troch in fizel, dy't dêrnei noch twaris ferfongen en langer makke is. De mûne krige yn it begjin fan de 20e iuw in helpgemaal yn in apart gebouke, ynearsten op steam en letter op disel.

Nei't de mûne nei de Twadde Wrâldkriich bûten gebrûk rekke, sette it ferfal útein, mar de 'Slochter Mûnestifting' liet de mûne nei in grutte restauraasje yn 1975 wer yn gebrûk nimme. Troch in leger polderpeil koe de mûne selden mealle, ek al wie de fizel langer makke. Yn juny 2015 waard in sletten bemealling oanlein, werby't de needbemeallingsfunskje fan de Groote Polder yn stân bleau. De mûne kin no by heech wetter helpe de polder droech te hâlden. Yn 2015 waarden nije roeden stutsen en krige de kape in nije foarkant. De flecht fan de mûne is 21,40 meter.

De mûne draait regelmjittich as it kin op sneintemiddeis en tsjinnet ek as lesmûne. As de flagge fan Slochteren by de mûne hinget is de mûne iepen om te besjen.

Nei't de 'Slochter Mûnestifting' yn 2015 mei de 'Mûnestifting Oldambt' fusearre ûnstie de 'Mûnestifting Midden- en East-Grinslân', dy't de tsjintwurdige eigner is.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: