De Haar (Mearum)

Mearum

De Haar is in streek en in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De Haar is in lintbebouwing fan pleatsen oan de Haarsterwei, tusken it doarp Mearum en Fryske Peallen yn de gemeente Opsterlân.

’’Lokaasje yn de gemeente Mearum

De namme betsjut ‘hichte’. It gebiet is dan ek wat aksidintearre, opfallend yn it hast flakke karakter fan de fierdere gemeente. Feitlik heart it lânskiplik by de Fryske Wâlden.

Yn de Twadde Wrâldoarloch hawwe de Dútsers sechtjin bewenners út De Haar stânrjochtlik deasketten yn de tichtby lizzende bosk fan Trimunt as ferjilding foar in fersetsdied by de April-maaiestaking yn 1943. Under de slachtoffers ek in jonge fan 13 jier. Tusken 2000 en 2004 wie der in asylsikerssintrum yn De Haar dêr’t 400 asylsikers ûnderbrocht waarden.

Tusken de pleatsen oan De Haar stiet ien fan de grutste sjampinjonkwekerijen fan Europa.

Sjoch ek bewurkje seksje