De Hoop (Wachtum)

De Hoop is in nôtmûne út 1894 yn it Drintske doarpke Wachtum. De mûne is ien fan de trije nôtmûnen yn Drinte mei deselde namme (de oare twa steane yn Sleen en Noarch).

De Hoop
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Wachtum
adres Middendorp
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1894
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11637 [1]

Skiednis bewurkje seksje

De stie oarspronklik sûnt 1813 as poldermûne yn Veendam om dêr de polder 'Hoop op Beter' droech te meallen. Yn 1894 waard de mûne troch mûnebouwer Ritsma út Haulerwyk boud yn Wachtum foar de mûnder G.J. Mulder.

Yn 1937 folge in renovaasje en de modernisearring fan it wjukkesysteem, mar yn 1940 kaam de mûne stil te stean. Tusken 1966 en 1968 krige de mûne nije roeden, in nije stelling en sturt en waarden de muorren op 'e nij foege, mar nei de jierren 1970 waard de mûne stadichoan ynboud en sette it ferfal yn. Doe't de mûne yn 1998 troch in stifting oernommen waard folge in plan om de mûne wer te restaurearjen. De kape, stelling en de roeden waarden fernijd en it achtkant op 'e nij dutsen mei reid. Yn 2010 ferkocht de stifting de mûne oan de gemeente Coevorden. Sûnt 2012 binne ek de âlde loadsen om de mûne hinne ôfbrutsen en stiet de mûne wer hielendal frij.

Yn 2020 droech de gemeente Coevorden de mûne oer oan de it Drintske Gea.[2]

Beskriuwing bewurkje seksje

De mûne is in achtkante boppekruier op in stiennen ûnderbou. Kape en achtkant binne reitdutsen. De flecht fan de wjukken is 21,60 meter. De wjukken hawwe sûnt 1937 it systeem fan Van Bussel.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Molens uit Drenthe, útjouwerij Waanders-Zwolle