De Langelille is in doarp yn it westen fan de gemeente Weststellingwerf, by de Tsjonger.

De Langelille
Tsjerkewei
Tsjerkewei
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 270 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,27 km², wêrfan:
- lân: 5,74 km²
- wetter: 0,52 km²
Befolkingsticht. 44 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8484
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 50' N 5° 50' E
Lokaasje De Langelille (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje De Langelille (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
langelille.com
Kaart
De Langelille (Fryslân)
De Langelille

De Langelille hat 270 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

De namme wurdt al yn 1644 as De Lange Lille op in lânkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa neamd. Lille betsjut slop, in ferwizing nei de slappe ûndergrûn fan de dyk dêr't it doarp ûntstie. De doarpsnamme ferwiist dus nei in lange, sloppe dyk.

De Langelille ûntstie op de lofter ouwer fan De Tsjonger en hat him lâns de heaks op de rivier lizzende Tsjerkewei útwreide. Minsken út Langelille gienen earder nei tsjerke oer de Tsjerkewei. Dy eardere Swarte dyk, dy't no Tsjerkewei hjit, wie eartiids in gewoane reed. Op de dyk fan Langelille moast eartiids geregeld liem smiten wurde om de dyk stevich te hâlden.

Tusken 1896 en 1970 stie yn Langelille it molkfabryk De Volharding. Oant 1964 wie De Langelille ûnderdiel fan Munnikebuorren.

Mienskip bewurkje seksje

Langelille hat mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in mienskiplike feriening Pleatslik Belang.

Tsjerke bewurkje seksje

Langelille wie oant 1964 in buorskip fan Munnikebuorren en hat nea in eigen tsjerke hân. It doarp heart tsjerklik by de PKN-gemeente Skerpenseel-Munnekebuorren.

Skoalle bewurkje seksje

Yn 1964 binne de skoallen fan Spangea, Nijetrine, Skerpenseel, De Langelille en Munnikebuorren gearfoege ta ien sintrale skoalle: de Heidaskoalle yn Munnikebuorren; tsjintwurdich De Aventurijn.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1969 1973 2008 2010 2015 2020
Ynwenners 170 335 269 270 250 235 245

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Ferskaat bewurkje seksje

By it doarp leit rekreaasjesintrum De Trijesprong oan De Tsjonger mei in kemping, in kafee en in swimplak.

Strjitten bewurkje seksje

Tsjerkewei, Langelillewei, Lemsterwei.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

 
Weststellingwerf
 
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje