De Linde is in buorren yn de gemeente Westerkertier yn it Grinslanner Westerkertier. De buert leit wat súd fan it doarp Mearum.

Yn De Linde hat nei alle gedachten in kapel stien dy’t betsjinne waard fanút it tichtby steande kleaster Trimunt. It gebiet stie ein sechtjinde iuw bekend as Corpus de Linde, wat op in kleasterbesit wiist. Op it steed stiet no in buorkerij mei dy namme.

Om De Linde lei in grut feankompleks. Dit kaam yn de sechtjinde iuw yn it besit fan it laach Ewsum. Dat liet dêr in aadlike hofstee sette, dêr’t no neat mear fan oer is.

Keppeling om utens bewurkje seksje