De Oaljefant (Burdaard)

De Oaljefant is in poldermûne rom in kilometer besuden it doarp Burdaard yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De houten achtkante mûne op stiennen fjildmuorren en dekt mei fertikale houten dielen hat in flecht fan 23,90 m.

De Oaljefant
mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Burdaard
koördinaten 53° 16' N 5° 52' E
bysûnderheden
type mûne poldermûne
funksje muonts
flecht 23,90 meter
boujier 1856; werbou 1867
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11677
Webside
De Fryske Mole
Kaart
De Oaljefant (Fryslân)
De Oaljefant

Skiednis bewurkje seksje

De Oaljefant is in grutte, mealreeë muonts, dy't oarspronklik yn 1856 boud waard foar it bemeallen fan de Oostwolderpolder by it Grinslanner Oostwold. De mûne waard yn 1867 foar 2000 gûne kocht troch it bestjoer fan de krekt oprjochte polder De Olifant en werboud op de hjoeddeiske lokaasje.

Yn 1970 ferlear de mûne syn funksje. Hy waard yn 1977 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1978-1979 restaurearje liet. Yn 1991 barde dat nochris. Yn 2007 waarden de beide roeden fanwege de minne steat dêr't se yn ferkearden, ferfongen troch nije. Keazen waard foar in eksperimintele konstruksje, wêrby't de roeden elk út twa helten bestean, dy't mei bouten oan elkoar fêstmakke binne. De Oaljefant hat foar it útmeallen in grutte en in lytse fizel en kin dêrneist mei help fan in tredde fizel yn tiden fan drûchte ek ynmealle. De mûne kin op ôfspraak besichtige wurde.

Yn 2006 waard de mûne troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens bewurkje seksje