De Pol is in buorskip yn de gemeente Noordenveld yn de provinsje Drinte.

Geografy bewurkje seksje

De buorskip leit sa'n kilometer eastlik fan it Drintske doarp Peize en foel oant de gemeentlike weryndieling fan Drinte ûnder de gemeente Peize.
It leit oan de trochgeande dyk fan Peize nei it eastliker lizzende Winde, Bunne, Donderen en Vries. Midden op De Pol slút de wei oan nei it noardliker lizzende Eelde en Paterswolde. De namme fan dy wei, De Horst, jout al oan dat it oer in (wat) hegere sânrêch giet.
Troch de útwreiding fan it doarp Peize yn de foarm fan nije wiken Kortland en Kymmelsplan is De Pol tsjintwurdich oan it haaddoarp fêstgroeid. Dochs hat de buorskip noch in eigen identiteit dy't yn stân hâlden wurdt troch in aktyf mienskipslibben.

Skiednis bewurkje seksje

Beide diken, De Horst en De Pol, binne iuwenâlde ferbiningswegen. Op de hoeke fan de beide wegen stie in tolhûs dat yn de tiid fan de opheffing yn 1959 de lêste aktive tol yn Drinte wie. Oan De Pol stie ien fan de trije iepenbiere legere skoallen fan de âlde gemeente Peize. De oare twa stienen yn de buorren fan Peize en yn Altena. Nei de opheffing fan de skoalle is it gebou in wenhûs/atelier woarn. Hoewol't it buorskip mar sa'n 200 ynwenners hat, hie it oant fier yn de tweintichste iuw wol trije kroegen. Dêrfan is yn 2010 noch mar ien oer.