De Polsleatpolder

De Polsleatpolder (De Polslootpolder) wie in wetterskip súdlik fan Akkrum yn de destiidske Nederlânske gemeente Utingeradiel yn de provinsje Fryslân. It wie in selsstannich oerheidsorgaan fan 1912 oant 1968. It wetterskip hie in oerflakte fan sawat 100 bunder.

Nei't de polder yn de winter 1909-1910 suver ûnderstrûpt wie - allinnich troch in tydlike dykferheging koe dat tefoaren kommen wurde - waard yn 1910 it inisjatyf nommen ta oprjochting fan in wetterskip. De oprjochting wie yn 1912. In part fan it gebiet waard it hiele jier drûchholden, in part allinnich yn de simmer. Dêrta waard in simmerdyk oanlein. Op 1 juny 1968 waard it wetterskip by de earste provinsjale wetterskipskonsintraasje yn Fryslân opheft en gie it op yn wetterskip Boarnferd.

Nei noch in pear fúzjes falt it gebiet fan 2004 ôf oan ûnder Wetterskip Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: