De Reidswâl is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Reidswâl leit eastlik fan Mitselwier oan de Suderie en de Moarster Feart. De namme komt mooglik fan 'riid', in geul mei streamend wetter. It part noardlik fan de tille oer de Moarster Feart, oan de Keechsdyk, heart by de himrik fan Moarre; it súdlik part falt ûnder Mitselwier.

Reidswâl 2009
Stoombûterfabryk "De onderneming". Meitsjen fan fijne molkprodukten

Skiednis bewurkje seksje

De buorskip kaam yn 1680 foar as De Reijdswal, yn 1718 as Riedtswal, yn 1899 as Reidswal en ek Raaswal. Ut dy namme soe opmakke wurde kinne dat de delsetting ûntstie oan in kaaiwâl fan in wetter, in Ryd. De dyk fan de Reidswâl nei Moarre hjit lokaal Kaaisdyk, mar offisjeel Keechsdyk. [1]

Justjes westlik fan de brêge, oan de súdlike ouwer fan de Súdie lei de (Pelfinne)burch of Pelfinne, dêr't lykwols fierders neat oer bekend is, dy't neffens it floreenkohier fan 1768 ôf ta de eigners fan Roptastate hearde. Yn Mitselwier is der in strjitte nei neamd, Pelfinne.

Oan de Reidswâl stiet noch in oerbliuwsel fan it eardere bûterfabryk mei de eardere direkteurswent. Dy waard 6 juny 1888 iepene as de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek "De Onderneming". De oannimmers Vollmer en Erich út Dokkum wiene de bouwers. Sa'n 23 boeren út Mitselwier en omkriten brochten de molke yn.
Op 9 juny 1927 is it hiele fabrykskompleks iepenbier ferkocht.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. van Berkel & K. Samplonius (2018), Nederlandse plaatsnamen verklaard
  1. Bosatlas fan Fryslân, s.318
 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden