De Roskam is in ûnôfhinklik nijs- en opinywykbklêd foar Twinte dat fanút Almelo útjûn wurdt. It blêd hat bûten nijs ek in soad kommentaar, dêryn besiket se stikelich en ferrassend te wêzen om dêrmei it publike debat mei oan te fiterjen.

Logo van De Roskam.

Missy bewurkje seksje

It blêd skreau sels oer hoe't se Twinte besjocht: De redactie ziet Twente als een grote stad met ruime parken. In die zin zijn zowel de steden als de dorpen wijken van de op drie na grootste stad van Nederland. Dat dit feitelijk nog niet zo is, ligt vooral aan de bestuurders in de regio, maar de krant loopt vooruit en wil wat verder kijken dan de waan van vandaag.

Skiednis bewurkje seksje

It blêd waard yn oktober oprjochte 1995 troch Han Pape, dy't net sa bliid wie mei it opgean fan de kranten De Twentsche Courant en Tubantia yn De Twentsche Courant Tubantia. Dêrtroch soe der noch mar ien deiske krante yn Twinte oerbliuwe, sûnder konkurrinsje om skerp te bliuwen. Pape wurke oant april fan dat jier by de Twentsche Courant.

Yn de earste helte fan 2011 waard begûn mei Roskam TV fanút studio Spoer 3 yn Wierden. Wykliks in djipte-ynterview fan in oere mei in belangwekkend persoan út it bedriuwslibben, bestjoer, polityk of keunst fan binnen of bûten Twinte.

Doe't ein 2006 alve Twintske boargemasters polityk De Haach witte lieten dat harren gemeenten net meiwurkje woene oan de útsetting fan asylsikers dy't langer as fiif jier yn Nederlân ferbleaune, sei VVD-minister Johan Remkes: "Oan dit soart sinjalen bestiet perfoarst gjin ferlet. Ek net as se ôfkomstich binne út de Vrije Republiek Twente." Fuort nei Remkes syn útspraak waard de namme "Vrije Republiek Twente" fêstlein. Han Pape, haadredakteur fan De Roskam, begûn dêrnei in wyklikse rubryk ûnder de titel: De Republiek. Pape beljochte dêryn ûntwikkelings yn Twinte dêr't er de Frije Republyk Twinte brûkt as ideaalbyld fan in eigensinnich Twinte.

Yn novimber 2014 krige Pape in harsenblieding. Hy koe tydlik syn wurksumheden net útfiere. Op 7 jannewaris 2016 makke er buorkundich dat it wykblêd foarearst ophâlde soe. Troch syn fysike beheiningen wie hy net mear by steat syn advertearders persoanlik te besykjen. Der ûnstie doe in ynkomstegat fan 5 ton.

It tydskrift makke lykwols in trochstart en bestiet anno 2023 noch altyd.

Namme bewurkje seksje

De titel 'de Roskam' ferwiist nei trije dingen: it hynder dat symboal stiet foar de Twintske regio, in lykneamd foarwerp út de Twintske teskstylbedriuwen en in stikeldicht fan Joost van den Vondel mei dy namme, dêr't er de rânestêdlike regearders it burd mei ôfskrabet.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: