De Singels is in wenwyk oan de súdwestside fan it sintrum fan Drachten.

Lizzing fan De Singels
It Kyriat Onoplein oan in nije fiver

De wyk waard boud yn de jierren '60 en '70 fan de 20e iuw en leit ynklamme tusken de Suderhegewei, Ikesingel, Boargemaster Wuitewei en de Gauke Boelensstrjitte. Der is in grut ferskaat oan wenningen. Sa binne der rychjeswenningen, twa-ûnder-ien-kapehuzen, frijsteande wenningen en apparteminten te finen. De struktuer is frij fariearre wat mei komd is troch de stadige ûntwikkeling en groei fan de wyk, want dy waard net yn in pear jier folboud.

Yn de wyk wie ea in draafbaan mei de namme 'draafbaan Drachten'. Troch besunigingen fan de draaf- en rinsport feriening Nederlân is de baan yn de jierren '90 opjûn en kaam de grûn yn eigendom fan de gemeente. De gemeente hat dit gebiet begjin 21e iuw tegearre mei in projektûntwikkelder fannijs ûntwikkele, der is no in kombinaasje fan wenjen en rekreëarjen makke. It gebiet is omfoarme ta in stedspark om yn te wenjen. Fierders binne der in soad wetterpartijen en in swimfiver oanlein. Boppedat is der in subtropysk swimparadys en offisjeel 50 meter wedstrydbad 'De Welle' yn de wyk. Dy leit troch de werûntwikkeling fan it draafbaangebiet midden yn it stedspark. De gemeente tinkt oer ferpleatsing fan dit swimbad omdat it bad ferâldere is en net mear yn it gebiet past.

De wyk hat in plein mei de namme 'Kiryat Onoplein' (ferneamd nei susterstêd Kiryat Ono yn Israel), it teater De Lawei en de grutste supermerk fan Fryslân. Dy supermerk op it plak fan it eardere plysjeburo (1967-1995), wie earst in ’Nieuwe Weme’, letter Konmar en no in Albert Heijn. De wyk hat ek in basisskoalle, pjutte-opfang en fuortset ûnderwiis.

Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
wizigje