De Skâns (doarp)

De Skâns-Oostmahorn
Flagge fan De Skâns-Oostmahorn Wapen fan De Skâns-Oostmahorn
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Skâns-Oostmahorn
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2018) 80
Webstee Webstee Doarpsbelang Oostmahorn

De Skâns (offisjeel: De Skâns-Oostmahorn) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. De Skâns leit noardlik fan Ingwierrum, eastlik fan Eanjum, westlik fan it Lauwersmar en besuden de Waadsee. Yn 2018 hie De Skâns 80 ynwenners. De doarpskearn leit op de Oostmahorn lâns de dyk.

Gravuere fan Gaspar Bouttats I fan de Skâns yn 1674
De haven fan De Skâns oan de Lauwersmar.
Feardaam op 'e Skâns mei de MS Esonborg (2007)
Krûdkelder yn de dyk

De Skâns hat sels iuwenlang in buorskip west wat by Eanjum hearde. Sûnt 2008 is De Skâns in selsstannich doarp. It doarp hat lykwols gjin eigen postkoade: de ûndergrins foar in eigen postkoade wie yn 2008 in doarp fan 100 adressen; De Skâns hellet dat oantal net.

Sûnt 2019 leit De Skâns yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp as buorskip yn de gritenij, letter gemeente, East-Dongeradiel.

Namme bewurkje seksje

De namme Oastmahorn betsjut eastlike hoeke of kaap. De namme De Skâns soe út de Spaanske tiid komme kinne. De lettere buorskip wurdt troch de net-Friezen as Oostmahorn oantsjut, al fiele de oarspronklike ynwenners har Skânsers. By it fêststellen fan de Frysktalige doarpsnamme foar 2023 hat de gemeenteried derfoar keazen om dy twa nammen te kombinearjen. Dêrtroch leit De Skâns no op de Oostmahorn.

Skiednis bewurkje seksje

Yn it jier 1576 seach de geus Bartold Entens kâns om dêr in fersterking op te rjochtsjen. De luitenant-steedhâlder Caspar de Robles koe dat net op him sitte litte. Der is doe swier fochten. Oan beide kanten foelen swiere ferliezen. Bartold Entes moast úteinlik de sterkte opjaan.

De kustfeart is lang útfierd troch lytse skippen. Foar de skippers wie de Noardsee te gefaarlik. Se sochten harren paad oer it Waad. Dy skippen, guon net folle grutter as skûtsjes, kamen út Hamburch, Denemarken en sels út plakken om de Eastsee hinne. De Skâns hie in feilige haven. Dêr waard faak better waar ôfwachte. Ek de Grinslanner turfskippers leinen dêr om gaadlik waar ôf te wachtsjen. Dy skippers gienen oer It Waad om tol en brêgejild yn Fryslân te besparjen.

De fiskersfloat fan de Noardfryske doarpen lei yn 'e winter ek op 'e Skâns.

Yn 1810 is op it plak fan de eardere skâns in nije skâns tsjin de Ingelsken boud. De yn 'e dyk boude krûdkelder is der noch. Al is dy dan ek yn 1849 bûten gebrûk rekke.

Fan 1850 ôf fear de fearboat foar Skiermûntseach út De Skâns wei. De eilanners hienen it yn it Eachstersk oer 'Aistmeherne/Aistmaherne'. Ek wie der in rêdingsstasjon fan de Ken. NZHRM. Doe't yn 1969 de Lauwerssee Lauwersmar waard, binne de fearboat en de rêdingsboat nei Lauwerseach ta gien.

De ôfsluting fan de Lauwerssee wie it begjin fan in nij tiidrek. De wurkhaven fan de Lauwersseewurken (It Boatsgat) is ree makke foar de wetterrekreaasje. Ek is der in fakânsjepark komd bewesten De Skâns. Oan de súdkant kaam it sabeare-histoaryske fakânsjestedsje Esonstad en oan west- en súdwestside lizze twa pseudo-terpen mei fakânsjewenten ('Geuzenhoeke' en 'Smokkelaarshoeke'). Bewesten fan de 'terpen' en Esonstêd leit in ierdgaslokaasje.

Mees Toxopeus bewurkje seksje

Oan De Skâns bliuwt de namme fan Mees Toxopeus (1886 - 1974) ferbûn. Hy wie de skipper fan de rêdingsboaten ‘’Hilda‘’ en dêrnei fan de ‘’Insulinde’’. Hy wie in betûft seeman en hat 286 minsken rêden. Hy hie in grut tal yn- en bûtenlânske ûnderskiedings. Hy wie sawol belutsen by de bou fan de Hilda as de Insulinde.

De earste krante-ynsammelaksje is yn 1949 troch de Ljouwerter Krante nei oanlieding fan de rêding fan 26 Poalen fan it skip De Kattowice troch de Skylger rêdingsboat, begûn. Dat jier bestie de Keninklike NZHRM 125 jier. It doel wie om jild yn te sammeljen foar nije motors foar de Insulinde. De aksje is slagge, want der koe 50.000 gûne oan de rêdingsboatorganisaasje oerdroegen wurde.

Sport en rekreaasje bewurkje seksje

Troch dit plak rint de Europeeske wannelrûte E9, ek wol North Sea Trail of Fryske Kustpaad neamd. De E9 rint bylâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

Literatuer bewurkje seksje

  • n.n. (des. 1985), "De geschiedenis van de stations Oostmahorn/Lauwersoog in vogelvlucht". De Reddingboot nr. 138. Amsterdam: KNZHRM. Siden 6931-6956.
  • Wallinga-van der Wal, E. van (2005), De Skâns. De minsken, de hûzen. Bedum: Profiel.
 
Noardeast-Fryslân
 
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
wizigje