De Snipperij is in buorskip yn de gemeente Westerkertier fan de provinsje Grinslân. Hy leit tusken Noardwyk en Kornhorn. Hy is net folle mear as in dearinnend paad dat heaks stiet op de trochgeande dyk fan Mearum nei Gruttegast.
De buorskip leit yn it lytsskalige kûliselânskip dat typearjend is foar dit diel fan de provinsje.

De Snipperij

De oarsprong fan de namme fan de buorskip is ûnwis. De namme soe ferwize nei de fûgel snip (strânrinner), [1] mar der is ek in teory dy't ferwiist nei de famylje Snip dy't fanâlds út dizze kontreien komme soe. [2] Westlik fan de útbuorren lizze de Snipspoel en de Wit's Reed. Boppedat soe de namme besibbe wêze oan it wurd "snipperje" of "snippelje" (yn lytse stikjes snije), wat tsjut op smelle stripen lân. [3]

Mûne bewurkje seksje

Yn De Snipperij waard yn 1866 in lytse bultmûne boud mei in flecht fan sa 'n 15,50 meter. Dy nôtmûne waard yn 1886 eigendom fan T. Valk dy 't de mûne yn 1900 ferheegje liet ta in stellingmûne. De mûne stie yn dy tiid bekend as de Ebenhaëzer. [4] Letter waard de mûne ek wol oantsjut as mûne "De Valk". De mûne waard yn 1903 foarsjoen fan in motor wêrnei't de mûne yn 1916 ûnttakele waard. Wol is de ûnderbou fan de mûne noch oanwêzich. [4]

Curringhepad bewurkje seksje

Westlik fan De Snipperij waard yn 1997 in gebiet oankocht troch Steatsboskbehear. Dat soe yn 2001 oerdroegen wurde oan it doarp Kornhorn dat ferantwurdlik is foar de ûntwikkeling fan it gebiet. It sa ûntstiene "Curringheveld" hat twa kuierrûtes dêr't it " Curringhepad" fan ek troch De Snipperij rint. De Polmalaan dêr 't de barrens om IJje Wijkstra hinne him ôfspilen leit ek op de rûte. [5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, W. de (2018). Groninger plaatsnamen. Grins: J.B. Wolters.
  2. Berkel, G. van & Samplonius, K. (2018). Nederlandse plaatsnamen verklaard. Rotterdam: Mijnbestseller.nl.
  3. Schönfeld, M. (1950). Veldnamen in Nederland. Arnhim: Gysbers & van Loon.
  4. 4,0 4,1 Hachmer, H.A. (1990). Zoek, zoek en gij zult vinden. De Zelfzwichter, 58, s. 16-18.
  5. Blok, F. & Koopman, G. (2004). Kornhorn vitaal. Noorderbreedte, 28(1), s.14-15.