De Wachter (Súdlaren)

De Wachter oan de Havenstrjitte is in nôt- en oaljemûne yn it Drintske doarp Súdlaren. Tagelyk is de mûne mei bygebouwen in ambachtenmuseum, mei û.o. in klompmakkerij en bakkerij en ferskillende samlings mei û.o. in grutte kolleksje ark. In groep fan hast twahûndert frijwilligers hâlde it kompleks draaiend.

De Wachter
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Súdlaren
adres Havenstrjitte 36
bysûnderheden
type bouwurk Nôt- en oaljemûne
boujier 1851
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41094 [1]
offisjele webside
Side De Wachter

Skiednis bewurkje seksje

De mûne waard yn 1851 foar de famylje Van Bon as nôt- en oaljemûne boud. Yn 1895 kocht Jan Medendorp de mûne oan, dy't der in pear jier letter twa stoommasines yn sette. De iene masine dreau in elektryske generator oan, wylst de oare de speserijemûne stream levere. De wynmûne bleau selsstannich trochwurkjen.

Yn de jierren 1920 kaam der in ein oan de oaljeslaggerij en de speserijemeallerij. In soad ûnderdielen fan de mûne waarden ôfbrutsen of ferwidere en ek de steammasines ferdwûnen. De mûne wurke fierder as nôtmûne, mar yn 1950 naam mounder Medendorp it beslút om ek oan dat bedriuw in ein te meitsjen. It doek like foar 'De Wachter' fallen, mar de mûnder sette sels mei de restauraasje fan de mûne útein. Yn de rin fan de tiid waard ek it oaljewurk rekonstruëarre.

Sûnt de jierren 1980 waard de rest fan it kompleks restaurearre. Nei't meardere generaasjes fan de famylje Medendorp de mûne yn harren besit hân hiene, waard de mûne yn 1989 oerdroegen oan de Stifting Koren en Oliemolen De Wachter. Yn de gebouwen is in bakkerij, in smid, ferskillende winkeltsjes, tsien wurkjende stoommasines en in klompmakker ûnderbrocht.

Beskriuwing bewurkje seksje

De Wachter is in achtkante stellingmûne op in stiennen ûnderbou. De stelling is 9,55 meter heech en achtkant en de kape binne reiddutsen. De wjukken hawwe in flecht fan 22 meter en hawwe lang selsswichting hân. Tsjintwurdich binne de wjukken útrist mei it systeem Fauël mei tige grutte remkleppen.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: