Deadpool 2

film út 2018 fan David Leitch

Deadpool 2 is in Amerikaanske superheldefilm, aksjekomeedzje en swarte komeedzje út 2018 ûnder rezjy fan David Leitch, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds, Josh Brolin en Zazie Beetz. De film is basearre op it personaazje Deadpool, út 'e strips fan Marvel Comics. It is it twadde diel út 'e Deadpool-filmsearje, nei Deadpool (2016), en it wie teffens de alfde film út 'e bredere X-Men-rige. It ferhaal giet oer de mismakke superheld Deadpool, dy't in jonge mutant besiket te beskermjen tsjin 'e tiidreizgjende soldaat Cable. Deadpool 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in daverjend kommersjeel súkses. Anno 2020 is in trêde film yn ûntwikkeling. Deadpool 2 waard opdroegen oan stuntfrou Joi Harris, dy't ûnder de opnamen omkaam by in ûngemak mei in motorfyts.

Deadpool 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Leitch
produsint Simon Kinberg
Ryan Reynolds
Lauren Shuler Donner
senario Rhett Reese
Paul Wernick
Ryan Reynolds
basearre op Deadpool fan Fabian Nicieza
en Rob Liefeld
kamerarezjy Jonathan Sela
muzyk Tyler Bates
filmstudio 20th Century Fox
Marvel Entertainment
Kinberg Genre
Maximum Effort
The Donners' Company
TSG Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ryan Reynolds
Josh Brolin
voice-over Ryan Reynolds
byrollen Julian Dennison
Zazie Beetz
Morena Baccarin
T.J. Miller
Stefan Kapičić
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 maaie 2018
foarm langspylfilm
sjenre superhelde-aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $785,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Deadpool-filmsearje
● foarich diel Deadpool

Plot bewurkje seksje

Nei't er twa jier lang as de maskere superheld Deadpool de misdie bestriden hat, wit ien fan syn doelwiten oan Wade Wilson te ûntkommen op 'e dei dat hy en syn faam Vanessa fiere dat se trije jier in relaasje hawwe. Dy jûns beslute se om in gesin te stiftsjen, mar fuort dêrnei kringt de man dy't oan Deadpool ûntkommen is, in baas fan 'e Russyske maffia, mei syn trewanten harren appartemint binnen. Wade bringt se allegearre om útsein de baas sels, mar Vanessa wurdt rekke troch in ferdwaalde kûgel en komt te ferstjerren. Neitiid efterfolget Wade de maffiabaas en deadet him út wraak.

Ut skuldgefoelens oer de dea fan Vanessa besiket Deadpool selsmoard te dwaan troch himsels op te blazen, hoopjend dat de skea dy't er dêrmei oanrjochtet sels it boppeminsklike selsgenêzend fermogen fan syn lichem te boppe gean sil. Hy bedarret yn in hjirneimels dêr't er Vanessa sjocht mar net by har komme kin om't der in trochsichtige mar ûntrochlittige wand tusken harren yn sit. Hja seit tsjin him dat syn hert net op it goede plak sit, en fuort dêrnei wurdt er wer weromskuord nei de wrâld fan 'e libbenen om't syn superfermogens derfoar soargje dat de útinoar blaasde dielen fan syn lichem dochs yn libben bliuwe. As syn freon Colossus, ien fan 'e X-Men, de stikjes wer oaninoar naait, genêst er binnen de koartste kearen. Fan Vanessa hat er inkeld har lêste wurden oer en in muntsje foar in arkadespul, dat in kado wie foar harren relaasjejubileum.

Nei't er yn 'e X-Mansion, it haadkertier fan 'e X-Men, wer opbettere is, beslút Deadpool mei tsjinnichheid om him by de X-Men oan te sluten, om't er leaut dat Vanessa dat wollen hie. Hy, Colossus en Negasonic Teenage Warhead wurde nei in weeshûs foar mutantebern stjoerd, it Essex Home for Mutant Rehabilitation, dêr't ien fan 'e learlingen, Russell Collins alias Firefist, it tsjin 'e lieding yn 'e kant set hat en de tahastige plysje bedriget mei syn fermogen om dingen plat te baarnen. Deadpool beseft dat Russell yn it weeshûs mishannele is troch de boppemaster en ien fan dy syn assistinten, en reägearret troch de assistint dea te sjitten.

Foar't er ek de boppemaster deasjitte kin, wurdt er oermastere troch Colossus. Sawol Deadpool as Russell wurde arrestearre troch de plysje. Se krije spesjale halsbannen om dy't harren superkrêften teneate dogge, en wurde ôffierd nei de Ice Box, in heechbefeilige tichthûs foar kriminele mutanten. Underwilens komt earne yn 'e takomst de sybernetyske soldaat Cable thús om te ûntdekken dat syn frou en jonge dochterke libben ferbaarnd binne troch in folwoeksen Firefist. Hy nimt de heal ferbaarnde teddybear fan syn dochter mei en brûkt in apparaatsje dat tiidreizgjen mooglik makket om werom yn 'e tiid te gean, mei de bedoeling om 'e jonge Russell te fermoardzjen ear't er him ta de hast ûnoerwinlike Firefist ûntjaan kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Trochdat de halsbân by Deadpool syn selsgenêzend fermogen ûnderdrukt, begjint er wer stadichoan dea te gean oan 'e kanker dy't er hie foar't er syn superkrêft krige. Hy kin dêrtroch yn de Ice Box Russell net beskermje. Cable kringt it tichthûs yn om Russell te fermoardzjen, en rjochtet dêrby grutte skea oan. Yn 'e gaos dy't folget, brekt de halsbân fan Deadpool, sadat er syn superkrêften weromkriget. Hy besiket Russell tsjin Cable te ferdigenjen, mar Cable slacht him del en nimt him it muntsje fan Vanessa ôf. Under it gefjocht ûntstriidt Deadpool dat er wat om Russell jout, en dat fangt Russell op, dy't teloarsteld en ferbittere útnaait. Deadpool raamt himsels en Cable troch de bûtenmuorre fan 'e Ice Box en falt fan grutte hichte ôf troch it iis fan in beferzen mar.

Mei't er op 'e nij hàst dea is, komt Deadpool wer yn itselde hjirneimels, dêr't Vanessa him diskear dúdlik makket dat er Russell helpe moat, foar't er wer weromskuord wurdt nei syn lichem. Hy wit út 'e mar te kommen en thús te reitsjen, dêr't er nei oerlis mei syn freon Weasel beslút om in team fan superhelden te foarmjen dat er X-Force neamt. It doel is om Russell te befrijen út it swierbewekke konfoai dêr't de finzenen fan 'e Ice Box no mei oerbrocht wurde nei in oar tichthûs, mei't de Ice Box kompromitearre rekke is troch it gefjocht fan Cable en Deadpool. Underwilens beslút Russell de rie fan Deadpool op te folgjen, dy't tsjin him sein hie dat er sjen moast dat er freonen waard mei de grutste, gefaarlikste finzene dy't er fine koe. Hy siket sadwaande kontakt mei it meunster dat yn 'e kelder fan 'e Ice Box fêstholden wurdt.

X-Force bestiet úteinlik út 'e superhelden Bedlam, Shatterstar, Zeitgeist en the Vanisher. Oare leden binne Domino, in jonge frou dy't beweart dat har superkrêft is dat se altyd lok hat, en Peter, in man dy't alhielendal gjin superkrêften hat, mar dy't by X-Force sollisitearre om't it him gewoan leuk wurk taliek. Op inisjatyf fan Deadpool falt X-Force it finzenekonfoai út 'e loft wei oan, troch omleech te kommen oan parasjutes. Troch de sterke wyn rint it plan lykwols hielendal mis, en komme Bedlam, Shatterstar, Zeitgeist, the Vanisher en Peter op ferskate ûnwierskynlike manearen om it libben. Inkeld de lokkige Domino en Deadpool sels oerlibje om it konfoai te oerfallen. Troch Domino har lok giet it mei it oernimmen fan it konfoai dat it slydjaget, mar dan wurde se oanfallen troch Cable, dy't it noch altyd op Russell foarsjoen hat. Wylst Deadpool, Domino en Cable inoar befjochtsje, pykt Russell út mei syn nije freon út 'e finzeniskelder, dat de reuseftige Juggernaut blykt te wêzen.

Om't Cable it net allinne tsjin Juggernaut opnimme kin, biedt er oan om mei Deadpool en Domino gear te wurkjen. Deadpool betinget dêrby dat er Russell de kâns jaan moat om syn libben te betterjen. Se moatte sjen dat se Russell te pakken krije ear't er de boppemaster fan syn âlde weeshûs fermoardzje kin, mei't dat yn Cable syn ferline it begjin fan syn wurkpaad as supersmjunt wie. Deadpool besiket de help fan Colossus te krijen, mar dy hat syn nocht fan him, en wol net mear helpe. By it weeshûs wurde Cable, Deadpool en Domino opholden troch Juggernaut, wylst Russell yn it gebou op jacht giet nei de boppemaster. De kânsen keare as Colossus dochs noch opdaagjen komt en de striid tsjin Juggernaut oernimt. Negasonic Teenage Warhead en har faam Yukio jouwe harren by Colossus en trijeresom witte se ôf te weven mei harren reuseftige tsjinstanner.

Wylst Domino ôfweeft mei de trewanten fan 'e boppemaster en de weesbern út it no brânende gebou rêdt, sykje Deadpool en Cable de konfrontaasje mei Russell. Dyselde stiet op it punt om 'e boppemaster dea te brânen. Deadpool besiket him te bepraten om syn wraaknimming op te jaan. Om sjen te litten dat er Russell fertrout, docht Deadpool syn superkrêftûnderdrukkende halsbân wer om, mar as Russell ek dan noch net om sizzen jaan wol, fjurret Cable syn lêst oerbleaune kûgel op 'e jonge ôf. Deadpool springt yn 'e baan fan it skot, dat him yn it boarst rekket. Sûnder syn selsgenêzend fermogen is de skotwûne fataal. Dat bringt Russell ta ynkear, dy't de boppemaster fierders gewurde lit. Dêrtroch feroaret Cable syn takomst, en de heal ferbaarnde teddybear dy't er oan syn mulrym draacht, wurdt wer as nij.

Deadpool stjert en wurdt diskear wier weriene mei Vanessa, mar nei it útwikseljen fan in ynmoedige tút fertelt se him dat it syn tiid noch net is, en dat se op him wachtsje sil. Deadpool wurdt foar de trêde kear weromskuord nei syn lichem. It docht bliken dat Cable, dy't noch ien kear mei syn apparaat tiidreizgje koe, om weromkeare te kinnen nei de takomst, ynstee weromgien is yn 'e tiid nei it stuit dat se by it weeshûs arrivearren, sadat er Deadpool it muntsje fan Vanessa weromjaan koe. Cable syn kûgel rekket Deadpool dan letter net yn it boarst, mar bliuwt stykjen yn it muntsje, dat er op syn hert draacht. Nettsjinsteande dat komt Russell dochs ta ynkear en lit de boppemaster gewurde. Wylst Deadpool, Colossus, Negasonic Teenage Warhead, Yukio, Domino, Russell en Cable, dy't no yn it ferline fêstsit, by it weeshûs wei rinne, wurde se neiskreaud troch de skellende en rachende boppemaster, oant dyselde troch Deadpool syn taksyridende freon Dopinder deariden wurdt.

Healwei de ôftiteling folget noch in sêne wêryn't Negasonic Teenage Warhead en Yukio it tiidreisapparaatsje fan Cable op 'e nij opladen hawwe. Deadpool brûkt it dêrnei om it libben fan Vanessa te rêden en ek dat fan X-Force-lid Peter. Fierders deadet er beide ferzjes fan Deadpool dy't te sjen wiene yn X-Men Origins: Wolverine, en dêropta de akteur Ryan Reynolds as dy in rol yn 'e film Green Lantern yn omtinken nimt.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Ryan Reynolds.
 
Zazie Beetz.
 
Brianna Hildebrand.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Wade Wilson / Deadpool Ryan Reynolds
Cable Josh Brolin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Russell Collins / Firefist Julian Dennison
Domino Zazie Beetz
Vanessa Morena Baccarin
Weasel T.J. Miller
Colossus Stefan Kapičić (as stimakteur)
Negasonic Teenage Warhead Brianna Hildebrand
Yukio Shiori Kutsuna
Black Tom Cassidy Jack Kesy
Juggernaut Ryan Reynolds (as stimakteur)
Dopinder Karan Soni
Blind Al Leslie Uggams
boppemaster fan it Essex
Home for Mutant Rehabilitation
Eddie Marsan
Bedlam Terry Crews
Shatterstar Lewis Tan
Zeitgeist Bill Skarsgård
Peter Rob Delaney
the Vanisher Brad Pitt (cameo)
Cable syn frou Hayley Sales
Cable syn dochter Islie Hirvonen
boerepummel #1 Alan Tudyk (cameo)
boerepummel #2 Matt Damon (cameo)
Sluggo Robert Maillet
Firefist yn Cable syn takomst Sala Baker
Professor X James McAvoy (cameo)
Beast Nicholas Hoult (cameo)
Quicksilver Evan Peters (cameo)
Cyclops Tye Sheridan (cameo)
Storm Alexandra Shipp (cameo)
Nightcrawler Kodi Smit-McPhee (cameo)
Wolverine Hugh Jackman (op argyfbylden)

Produksje bewurkje seksje

Deadpool 2 waard regissearre troch David Leitch nei in senario fan Rhett Reese, Paul Wernick en haadrolspiler Ryan Reynolds, dat basearre wie op it personaazje Deadpool, fan Fabian Nicieza en Rob Liefeld, út 'e strips fan Mavel Comics. As produsinten wiene Simon Kinberg, Reynolds en Lauren Shuler Donner by it projekt belutsen, foar de filmstudio's 20th Century Fox, Marvel Entertainment, Kinberg Genre, Maximum Effort, The Donners' Company en TSG Entertainment. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jonathan Sela, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Tyler Bates. Der wie foar de film in budget fan $110 miljoen beskikber.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen fan Deadpool 2 setten op 17 juny 2017 útein op lokaasje yn it Kanadeeske Victoria, op Vancouvereilân, wêrnei't se fan 26 juny ôf fuortset waarden yn 'e stêd Vancouver, op it fêstelân fan Britsk-Kolumbia. De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Mammoth Studios yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver. Op 14 augustus kaam by de opnamen stuntfrou Joi "SJ" Harris om doe't se de behearsking oer har motorfyts ferlear en op 'e Shaw Tower ynried. De opnamen waarden dêrnei stillein, mar twa dagen letter wer ferfette. Deadpool 2 wie de earste film dêr't Harris as stuntfrou by belutsen wie.

 
In ûngemak ûnder de opnamen by de Shaw Tower yn Vancouver kost stuntfrou Joi Harris it libben.

De produsinten en de regisseur kamen neitiid ûnder krityk te lizzen om't se Harris, mei har beheinde ûnderfining, ynset hiene foar sa'n gefaarlike stunt, wylst ek Melissa Stubbs, dy't in folle langere steat fan tsjinst hie, beskikber wie. (De foarkar waard oan Harris jûn om't sy swart wie, krekt as aktrise Zazie Beetz, foar wa't se trochgean moast.) Ek wie der in protte krityk op it feit dat Harris gjin feilichheidshelm droech om't net de tiid nommen wie om ien meitsje te litten dy't ûnder de prúk paste dy't Harris op hie. Deadpool 2 waard opdroegen oan 'e oantins oan Harris. De lêste opnamedei foel op 14 oktober.

In oar punt fan krityk op Deadpool 2 wie it lot fan Deadpool syn ferloofde Vanessa, dy't oan it begjin fan 'e film fermoarde wurdt yn in gefal fan "fridging": it ôfmeitsjen fan in froulik personaazje om 'e karakterûntwikkeling fan in manlik personaazje te tsjinjen. Regisseur Leitch en de senarioskriuwers seine dat se har ûnbewust wiene fan it bestean fan it begryp 'fridging', en dat se net bewust seksistysk dwaande west hiene. Yn eardere ferzjes fan it skript beëinigen Deadpool en Vanessa ienfâldichwei harren relaasje, mar de skriuwers hiene besletten om fan 'e gelegenheid gebrûk te meitsjen om in motyf foar Deadpool syn hâlden en dragen yn 'e rest fan 'e film te kreëarjen. Se seagen der gjin kwea yn om't der ferskate oare wichtige froulike personaazjes yn 'e film foarkamen en om't Vanessa oan 'e ein fan 'e film wer ta libben brocht wurdt.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Deadpool 2 waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 10 maaie 2018 yn Londen yn premiêre en iepene op 18 maaie yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten. Op 21 desimber 2018 kaam der fierders ûnder de titel Once Upon a Deadpool in sensurearre ferzje fan Deadpool 2 yn 'e bioskopen, dy't gaadlik wie foar bern. Deadpool 2 kaam op 7 augustus 2018 beskikber as digitale download en waard op 21 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. De dvd en de blu-rayskiif omfetten allebeide sawol de bioskoopferzje fan 'e film as de útwreide Super Duper $@%!#& Cut-ferzje. De soundtrack waard op 18 maaie 2018 útbrocht op cd.

 
It Riverview Hospital yn Coquitlam (Britsk-Kolumbia) tsjinne as lokaasje foar de klimaktyske gefjochtssêne.

Untfangst bewurkje seksje

Deadpool 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't lof hiene foar de humor, it aktearjen (benammen fan Ryan Reynolds, Josh Brolin en Zazie Beetz) en de aksjesênes. Guon resinsinten fûnen de film eins better as Deadpool, mar oaren hiene krityk op 'e toan en it senario. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Deadpool 2 in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 398 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] driget te beswiken ûnder it gewicht fan syn [grappen], is Deadpool 2 in bluodderige, freugdefolle parody op it superheldesjenre, dy't oereinholden wurdt troch de ûntsjinsisbere sjarme fan Ryan Reynolds." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 51 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Deadpool 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $324,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $460,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst fan 'e film dêrmei út op in daverjende $785,1 miljoen, persiis $2 miljoen heger as de earste film. Ofset tsjin in budget fan $110 miljoen late dat ta in winst fan $675,1 miljoen, al moasten dêr de marketingkosten noch wol fan ôf. It wie dêrmei de meast opbringende X-Men-film en de op seis nei meast opbringende film fan 2018. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de netto winst fan Deadpool 2 op $235,4 miljoen.

Deadpool 2 waard nominearre foar in grut tal prizen. Sa ûntfong de film nominaasjes foar û.o. 1 Grammy, 3 Critics' Choice Movie Awards, 2 People's Choice Awards en 3 Teen Choice Awards. Haadrolspiler Ryan Reynolds wûn de Kanadeeske Prix Aurora yn 'e kategory bêste fisuele presintaasje.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

X-Men (filmsearje)
X-Men (2000) • X2 (2003) • X-Men: The Last Stand (2006) • X-Men Origins: Wolverine (2009) • X-Men: First Class (2011) • The Wolverine (2013) • X-Men: Days of Future Past (2014) • Deadpool (2016) • X-Men: Apocalypse (2016) • Logan (2017) • Deadpool 2 (2018) • Dark Phoenix (2019) • The New Mutants (2020)