Deinum is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, 4 km wêst fan Ljouwert oan it Van Harinxmakanaal. Net fier fan Deinum ôf leit de A 31 fan Ljouwert nei Harns.

Deinum
Terp mei tsjerke fan Deinum
Terp mei tsjerke fan Deinum
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.050 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,73 km², wêrfan:
- lân: 4,51 km²
- wetter: 1,46 km²
Befolkingsticht. 231 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 5° 43' E
Offisjele webside
Side Deinum
Kaart
Deinum (Waadhoeke)
Deinum

It súdlike diel fan de buorskip Ritsumasyl falt ûnder it doarpsgebiet fan Deinum.

Deinum hat 1.715 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

It doarp is ûntstien op in terp oan 'e Middelsee, dy't foar it grutste part ôfgroeven is. De terp is noch werom te finen yn it strjittepatroan, mar leit no oan de noardwestkant fan it doarp.

Om it âlde doarp rint de ringdyk Sint Janswei, dy't eartiids it doarp beskerme tsjin it wetter fan de Middelsee. Oant yn de 19e iuw lei it doarp oan de Harnzer Feart en der wennen ek noch minsken oer de feart. Mei de komst fan it Van Harinxmakanaal noardlik fan it doarp en it spoar sudlik fan it doarp waarden de huzen súdeastliker boud, tichter by it stasjon. Deinum hat noch altiten in eigen treinstasjon oan it spoar fan Harns nei Ljouwert.

Earder hie Deinum in gersdroegerij, in fleisbedriuw en in molkfabryk. Yn 2002 is ek de bank ferdwûn.

Mei it ûnstean fan de nije gemeente De Waadhoeke waard ûnder de bewenners fan de fiif meast westlik lizzende plakken Blessum, Boksum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl troch de 'Wurkgroep Grinskorreksje' in ûndersyk útfierd, mei de fraach oft hja by it ûnstean fan de nije fúzjegemeente net leaver nei it tichtebylizzende Ljouwert woene. In mearderheid fan 83,7% fan de respondinten joech oan dat hja yn de gemeente De Waadhoeke bliuwe woene.[3]

Mei it útbaggerjen fan it Boksumer Soal binne der yn 2019 tusken de doarpen Ritsumasyl, Boksum en Deinum ferbetterings oanbrocht foar it rekreative skipferkear.

Bouwurken bewurkje seksje

Tsjerke bewurkje seksje

 
Deinumer tsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Janstsjerke (Deinum).

It âldste gebou fan Deinum is de 13-iuwske Jehannes de Dopertsjerke of Sint-Janstsjerke. Dat de toer eartiids as fjoertoer brûkt waard is net wier. Mei de bou fan dy toer is earst yn 1550 útein set, doe't it Bilt al in heale iuw droech wie en earst yn 1595 wie it wurk ree. De sipel is yn 1589 op 'e toer kaam. Krekt 400 jier letter, yn de simmer fan 1989, moast de oarspronklike sipel ferfongen wurde troch in nijenien, omdat er oanfretten wie troch de bûnte knjifkrobbe (Xestobium rufovillosum). Der is ek in ferske fan 'e tsjerke mei as titel: Yn Deinum stiet in sipel op 'e toer.

Yn de toer hinget in liedklok út 1544 dy't getten waard troch Johannes ter Steghe út Kampen. De Deinumer klok wie yn de Twadde Wrâldkriich foardere, maar waard nei de oarloch werom fûn op in skip yn in Dútske haven.[4] Oant 1740 hat der noch in twadde klok west, dy't yn 1617 getten waard troch Hans Falck fan Neurenberch. De Stifting ta Behâld fan Monuminten yn de gemeente Menaldumadiel joech opdracht om yn 2017 foar it lege plak yn de klokkestoel in twadde klok te jitten.[5] Nei it ophingjen fan de klok dy lykwols bliken dat it muorrewurk te lijen hie fan it lieden fan de klokken.

Doe't der yn 2000 in nij stek om de tsjerke komme moast ûntstie de aksje Gek op it stek en it inisjatyf Fjoer op de toer set de toer jûns yn it ljocht.

De sipel bewurkje seksje

 
De Sipel fan Ids Willemsma

De sipel op de toer is der nei alle gedachten op set om Deinum te ûnderskieden fan oare doarpen. De sipel hat de ynwenners ek harren bynamme fan Sipelgekken jûn. It jierlikse reiske, de iisclub, de pleatslike hamburger en sportaktiviteiten brûke de namme Sipel allegear. Troch it Deinumer kabaret is ek in 'Sipelrap' makke.

Ek hat it doarp in keunstwurk fan Ids Willemsma dat de namme 'De Sipel' draacht, dat it doarp yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan Doarpsbelang skonken waard. It keunstwurk stie oant de simmer fan 2018 op de hoeke Sint-Janswei/Spoarstrjitte, mar om't de omwenners net tsjin de "roestbult" oan sjen woene en ûntdutsen dat it sûnder fergunning wie delset, is it keunstwurk letter ferhûze nei in lokaasje by de yngong fan it doarp.[6] [7]

Wynmotor bewurkje seksje

Westlik fan it doarp stiet Heechhiem, in yn 1936 boude Amerikaanske wynmotor dy't yn 2002-2004 hielendal restaurearre is.

Mienskip bewurkje seksje

Deinum wurket in soad gear mei de oanbuorjende doarpen Blessum en Boksum en de ûnder Deinum fallende buorskip Ritsumasyl. De plakken hawwe in mienskiplike doarpskrante Klaver Trije.[8]

It doarp hat in Feriening fan Doarpsbelang, dy 't aktiviteiten foar jong en âld organisearret. Sûnt 1985 hat Deinum de 'Wurkgroep Deinum Doe en No', dy't him dwaande hâldt mei de skiednis fan it doarp. Deinumers wurde ek wol foar 'sipels' of 'koalen' útskolden.[9]

Skoalle bewurkje seksje

 
Basisskoalle 'Twaspan'

It doarp hie earder twa basisskoallen: 'De Rank' en 'Master Camminga'. Sûnt augustus 2013 foarmje dy de gearwurkingsskoalle 'Twaspan'. Ek is der in pjutteboartersplak, 'Hummelhonk'.

Tsjerke bewurkje seksje

Mei Boksum en Blessum foarmet it doarp de PKN-gemeente Terpoarte.

Ferienings bewurkje seksje

 
Sportfjilden 'De Fjouwer'

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

 
Sint-Janswei

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013
Ynwenners 496 706 656 618 594 603 970 1000
Jier 2015 2020
Ynwenners 976 1055

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren oernommen fan de besteande ynformaasje sûnder boarnefermelding yn it artikel.)

Berne yn Deinum bewurkje seksje

Eveneminten bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

Aldeleane, Bûterhoeke, De Eker, De Gersdroegerij, De Harke, De Seine, De Strikel, De Swylder, Feytsmahof, Heechhiemsreed, Heechpaad, It Harspit, It Holt, It Swee, Ljochtewei, Marssumerdyk, Mennerdahof, Pypsterhof, Ritsumasyl, Sint Janswei, Sjouke de Zeestrjitte, Skoallestrjitte, Spoarstrjitte, Sportleane, Trekwei, Tsjerkepaad.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: