De Delftske telling is in fariant yn de puntetelling fan it damjen, dy't betocht is om it grutte tal remises te ferminderjen.

De Delftske telling is foar it earst brûkt op it Volmac-toernoai yn de jierren 80 fan de 20e iuw. Oarspronklik hjitte it dan ek de "Volmac-telling". Letter waard dy telling ynfierd by in damclub yn Delft en krige sa de namme "Delftske telling".

By de Delftske telling kriget in spiler dy't wint 4 punten (by de gewoane telling is dat 2). In remise laadt ta in 2-2 einstân, behalve ien fan beide spilers in dúdlik foardiel hat. Yn dat lêste gefal is de útslach 3-1.

De Delftske telling hat in pear foardielen boppe de gewoane telling en boppe it trochdamjen. Sa is it oantreklik om troch te spyljen yn in stelling mei licht foardiel. Dêrtroch nimt it tal remises ôf. Der is lykwols ek krityk op de Delftske telling, omdat it ta (te) hoeden spul liede soe. De bettere dammers soene tsjin mindere dammers gjin risiko mear nimme en meastentiids foar de 3-1 'gean'.

Om dat beswier fuort te nimmen waard de Fernijde Delftske Telling ynfierd: Dêrby wurdt in oerwinning beleane mei 5 punten. Dy lêste metoade koe lykwols net brûkt wurde by toernoaien dy't spile wurde neffens it Switsersk systeem fanwege de asymmetry. In spiler dy't mei sin in kear ferliest, en dan tsjin in swakkere tsjinstanner wint, soe heger útkomme as in spiler dy't twa kear remise spilet.

It Keninklike Nederlânske Dambûn wie yn 2003 fan doel mei yngong fan 2004 op proef de Delftske telling yn te fieren, mar doe't bliken die dat it grutste part fan de topspilers der op tsjin wie, is dat net trochgien.