Dellewâl is in buorskip op Skylge. De buorskip leit eastlik fan West-Skylge, tusken West-Skylge en Hee yn. Dellewâl makket offisjeel ûnderdiel út fan West-Skylge.

De buorskip wurdt skieden fan West-Skylge troch inkele dunen, dy't de Hanskedunen neamd wurde. Dy dunen wienen yn de 16e en 17e iuw in stik grutter. In grut part fan dy dunen binne stikken slein trochdat de slenke dy't de tagong foarme ta de haven fan West-Skylge him nei it noarden ferpleatste. Grutte dielen binne de see yn rekke, derûnder ek dielen fan West-Skylge en it doarpke Wolmearum, dat hielendal yn see ferdwûn.

Yn 1836 waard der in roggemûne boud oan de eastkante fan Dellewâl. De mole waard yn 1876 oan de mûnder fan Formearum ferkocht. Dy bruts 'm ôf en ferhuze mei de boel nei Formearum ta.

Yn Dellewâl stiet in jeugdherberch, in ynternaat fan it Maritym Ynstitút Willem Barentsz (de hegere seefeartskoalle fan Skylge, in ûnderdiel fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert), in rekreaasjegebiet mei wennings derop en in lúkse apparteminten kompleks.

Yn de beboske dunen oan de noardkante fan Dellewâl stiet in grut kompleks fan bunkers út de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch.

Dellewâl is ek de namme fan de kuststripe bylâns de natuerlike baai dy't oan de eastkante fan West-Skylge leit. Oant it begjin fan de 20e iuw wie de kuststripe in strân en wie it in diel fan de haaddyk oer Skylge. Tsjintwurdich is dy kuststripe troch granniten blokken ferstevige en leit der in tarredyk foar fytsers.