Derek de Lint (folút: Dick Hein de Lint; De Haach, 17 july 1950) is in Nederlânsk tillefyzje- en filmakteur, dy't yn Nederlân benammen bekend waard troch syn rollen yn films as Soldaat van Oranje en it mei in Oskar bekroande De Aanslag. Hy boude ek in súksesfolle ynternasjonale karriêre op, wêrby't er it bekendst waard mei syn rol yn 'e dramarige Poltergeist: The Legacy.

Derek de Lint
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dick Hein de Lint
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 july 1950
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 1975 – no
offisjele webside
Derek de Lint yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

De Lint waard yn 1950 berne yn De Haach. Fan 1970 oant 1972 studearre er fotografy en grafysk ûntwerpen yn Ynskedee, oan wat no de AKI ArtEZ Academie voor Art & Design is, folge troch nochris twa jier oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Under en fuort nei syn stúdzje ûnderhold De Lint himsels mei in bybaantsje as fotomodel.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Yn 1975 makke De Lint syn debút as akteur mei de rol fan Rik Vandaele yn it toanielstik Thuis fan 'e Flaamske skriuwer Hugo Claus. Dêr kaam er oan trochdat syn learaar Spaanske dûns, in Marino Westra, kunde hie oan Claus en dy syn frou, aktrise Sylvia Kristel. Sadwaande mocht De Lint foar de rol audysje dwaan yn in leech Keninklik Teäter Carré yn Amsterdam, yn in dekôr fan it stik Cyrano de Bergerac, foar Claus sels en Guus Oster. Neitiid sei Oster tsjin him: "Kinst skielk yn elts gefal sizze dat dyn karriêre begûn is yn Carré."

Nei in lyts roltsje yn it Amerikaanske tillefyzjeprogramma The Rocky Horror Show en in pear rollen yn Nederlân dy't net folle mear as figuranteroltsjes wiene, mocht De Lint yn 1976 audysje dwaan foar ien fan 'e haadrollen yn 'e film Soldaat van Oranje, fan regisseur Paul Verhoeven. Foarôf hied er in petear mei produksje-assistinte Ineke van Weezel, dy't him fertelde dat it in projekt fan ƒ5 miljoen wie, en dêrmei de djoerste Nederlânske film ea. De Lint skrok him dea, waard sa senuweftich as wat, en ferprutste de audysje. Mar Van Weezel en filmprodusint Rob Houwer hiene him yn Thuis sjoen en wiene fan syn spyljen ûnder de yndruk. Sadwaande krige er yn 1977 dochs de rol fan Alex yn Soldaat van Oranje. Dat bestjutte foar De Lint daliks syn Nederlânske trochbraak.

Nei Soldaat van Oranje hie De Lint yn 1979 de haadrol yn 'e film Kort Amerikaans, nei de roman mei deselde namme fan Jan Wolkers. Koart nei't dy film útkaam, hie De Lint in moeting mei Paul Verhoeven, dy't him frege en doch audysje foar de rol fan Rien yn syn nije film Spetters. Doe't er dat dien hie, sei Verhoeven tsjin him dat er de rol hie, mar in pear dagen letter krige er in bryfke fan Hans Kemna, de assistint fan Verhoeven, dêr't yn stie dat Kort Amerikaans harren film foar de fuotten rûn, en dat se fierders net mear mei De Lint gearwurkje woene.

Nettsjinsteande dy snútslach wie it begjin fan 'e jierren '80 in súksesfolle tiid foar De Lint. Hy spile yn bekende dramasearjes as Herenstraat 10 (1983) en Willem van Oranje (1984), en yn grutte Nederlânske films, lykas Van de Koele Meren des Doods (1982) en Bastille (1984). Dy lêste film wie basearre op in boek fan skriuwer Leon de Winter, en De Lint hie de rol fan Paul de Wit, in 37-jierrige Joadske Amsterdamske skiednisdosint dy't hjitfolge wurdt troch de oantins oan syn yn 'e Holokaust fermoarde famylje. Yn 1986 hie De Lint yn it mei in Oskar foar bêste bûtenlânske film bekroande De Aanslag noch sa'n grutte rol, en dat wie wer ien dy't weromsloech op 'e Twadde Wrâldoarloch. De film wie basearre op 'e roman De Aanslag, fan Harry Mulisch, en De Lint spile Anton Steenwijk, dy't as jonge troch in oanslach fan it ferset op in kollaborateur by harren foar de doar syn âlden en broer kwytrekke is oan in repressaille fan 'e besetter.

Hoewol't De Lint al earder yn it bûtenlân wurke hie, krige er troch De Aanslag in beskate bekendheid yn ynternasjonale filmfermiddens. Dêrop fuortbouwend hied er yn 1987 in lyts roltsje yn 'e komeedzjefilm Three Men and a Baby, spile er datselde jiers yn 'e film Mascara, mei Charlotte Rampling, en yn 1988 hied er in rol yn Philip Kaufman syn The Unbearable Lightness of Being, mei Daniel Day-Lewis en Juliette Binoche, oer de Praachske Maityd fan 1968, nei in boek fan Milan Kundera. Yn Nederlân wie De Lint yn lettere jierren noch te sjen yn films as Rituelen (1989) en Lang Leve de Koningin (1995), mar fierders wurke er yn 'e 1990-er jierren benammen yn 'e Feriene Steaten.

 
De Lint mei Tingue Dongelmans yn Kort Amerikaans, út 1979.

Dêr hied er yn it tillefyzjeseizoen 1989-1990 10 ôfleverings lang in weromkearende rol as dokter Gerard Bernard, de frijer fan haadrolspylster Dana Delany yn 'e dramasearje China Beach. Ek spile er de Russyske KGB-agint Abramov yn 'e tillefyzjefilm The Endless Game (1990), en hied er as Bertrand de Roujay de haadrol yn 'e seisdielige minysearje The Free Frenchman (1989), oer in briljante Frânske aristokraat dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekket by it Frânske ferset. Yn 1991 waard De Lint cast yn 'e (haad)rol fan Conner Macleod yn 'e rige Highlander: The Series, mar om ûndúdlike redens loek er him út dat projekt werom. Yn 1994 hied er in gastrol yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske plysjesearje NYPD Blue.

De rol wêrmei't De Lint yn it bûtenlân de measte bekendheid wûn, wie dy fan Derek Rayne, yn 'e searje Poltergeist: The Legacy, dy't fjouwer seizoenen rûn, fan 1996 oant 1999. Nei de iuwwiksel spile er benammen yn tillefyzjesearjes, sawol Amerikaanske as Nederlânske. Sa hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes NCIS en Baantjer, spile er yn 'e westernminysearje Into the West, en wied er ek te sjen yn The L Word, Bloedverwanten en Silent Witness. Fan 2006 oant 2009 fertolke er de rol fan dokter Ed Rossi yn 'e dramasearje Gooische Vrouwen, in rol dy't er op 'e nij spile yn 'e films Gooische Vrouwen (2011) en Gooische Vrouwen 2 (2014). Fierders hied er yn dyselde tiid rollen yn 'e Nederlânske films Zwartboek (2006) en De Brief voor de Koning (2008).

Yn 'e film Nova Zembla (2011), oer de oerwintering op Nova Zembla, spile De Lint de Skylger seefarder Willem Barents. Yn 2013 hied er in rol yn 'e film Tula: The Revolt, oer de slave-opstân fan 'e histoaryske Kurasauske slavelieder Tula. Yn 2016 wie De Lint as stimakteur belutsen by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e Amerikaanske tekenfilm The Secret Life of Pets. Yn 2015 wie De Lint te sjen as Johan Kievit yn 'e histoaryske film Michiel de Ruyter fan regisseur Roel Reiné, oer de santjinde-iuwske seeheld Michiel de Ruyter. Yn 2018 wurke er fannijs gear mei Reiné, doe't er de rol fan 'e ferrieder Eibert hie yn 'e aventoerefilm Redbad, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme.

Priveelibben bewurkje seksje

Derek de Lint is sûnt 1979 troud mei Dorith Jessurun.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1976 Barocco propagandaman #1
1977 Blindgangers Mark
1977 Soldaat van Oranje Alex
1978 Dag Dokter Theo van Delft
1979 De Grens ? koarte film
1979 Kort Amerikaans Erik van Poelgeest
1979 Dat Moet Toch Kunnen ?
1980 The Lucky Star luitenant Steiner
1981 Come-Back Vriend Marij
1982 Van de Koele Meren des Doods Ritsaart
1983 Een Zaak van Leven of Dood Jack de Graaf
1984 Bastille Paul de Wit / Nathan Blum
1985 Mata Hari knappe reizger
1986 De Aanslag Anton Steenwijk
1987 Mascara Chris Brine
1987 Dagboek van een Oude Dwaas Philippe
1987 Three Men and a Baby Jan Clopatz
1988 Stealing Heaven Abelard
1988 The Unbearable Lightness of Being Franz
1989 Rituelen Inni Wintrop
1992 Die Sonne über dem Dschungel Peter
1993 Angie Peter Koudbier
1994 Venti dal Sud Peter
1995 Affair Play Alex Witsen
1995 Lang Leve de Koningin Bob Hooke (heit fan Sara)
1995 All Men Are Mortal Bertus
1998 Deep Impact ynterviewde astronoom op 'e tillefyzje   cameo
2000 The Artist's Circle ? koarte film
2001 Soul Assassin Karl Jorgensen
2001 Mon Amour, Mon Parapluie swalker koarte film
2001 Superstition Allessandro Censi
2002 Tom & Thomas Bancroft
2003 The Big Charade Vlad
2006 Moonlight Serenade Terence Hill
2006 When a Stranger Calls dokter Mandrakis
2006 Zwartboek Gerben Kuipers
2008 De Brief voor de Koning kening Dagonaut
2010 Villa Joséphine Levi koarte film
2011 Anatole Anatole Deibler koarte film
2011 Gooische Vrouwen dokter Ed Rossi
2011 Nova Zembla Willem Barents
2011 All That Way for Love Casper / oarehelte koarte film
2011 U & Eye timmerman koarte film
2012 Tears of Steel Alde Thom
2012 Insensibles dokter Holzmann
2013 Midden in de Winternacht de krystman
2013 Valentino Karel
2013 Daglicht Twan van Benschop
2013 Tula: The Revolt baron Van Westerholt
2013 Aan de Overkant ? koarte film
2014 Gooische Vrouwen 2 dokter Ed Rossi
2014 Snijbonen Jules koarte film
2015 Michiel de Ruyter Johan Kievit
2015 Code M pake Ber
2016 The White King Silver Hair
2016 Familieweekend Pieter
2016 The Secret Life of Pets Tiberius as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2018 Redbad Eibert
2018 Spider-Man: Into the Spider-Verse Kingpin
2019 Lili man koarte film
20?? The Blue Mauritius Jack Bernard
tillefyzje
1978 Uit de Wereld van Guy de Maupassant: De Vlieg ? tillefyzjefilm
1978 Kant aan m'n Broek luitenant Chamiroux weromkearende rol; 4 ôfl.
1979 Voor Koningin en Vaderland Alex minysearje
1984 Willem van Oranje kening Hindrik II fan Frankryk    minysearje
1983 Dolly Dots Mike Burger / Maarten Flick weromkearende rol; 4 ôfl.
1983 Herenstraat 10 Karel van Laar minysearje
1985 Slippers Rob tillefyzjefilm
1986–1987 Dossier Verhulst Eric Hoogland minysearje
1988 The Great Escape II: The Untold Story dokter Thost tillefyzjefilm
1989 The Free Frenchman Bertrand de Roujay minysearje
1989–1990 China Beach dokter Gerard Bernard weromkearende rol; 9 ôfl.
1990 The Endless Game Abramov gastrol; ôfl. 1.2
1990 Burning Bridges Gus Morgan tillefyzjefilm
1991 Mountain of Diamonds tillefyzjefilm Lothar de la Rey
1992 Secrets Paul Rodier minysearje
1993 Civil Wars ? gastrol; ôfl. A Liver Runs Through It
1993 Remember Charles Devereaux tillefyzjefilm
1994 Pointman Jacob Razak tillefyzjefilm
1994 NYPD Blue Serge gastrol; ôfl. Serge the Concierge
1994 A Perry Mason Mystery: The Case of the Lethal Lifestyle   dokter Estes tillefyzjefilm
1995 Eindeloos Leven boargemaster gastrol; ôfl. Oude Botten Breken Niet
1996 The Little Riders Dirk Petersen tillefyzjefilm
1997 The Man Who Made Husbands Jealous Roberto Rannaldini minysearje
1999 The Outer Limits sinturion Sulat Ray gastrol; ôfl. Star Crossed
1996–1999 Poltergeist: The Legacy dokter Derek Rayne fêste rol; 87 ôfl.
2000 The Outer Limits Carl van der Meer gastrol; ôfl. Breaking Point
2002 Mevrouw de Minister premier Staal minysearje
2002 Alias Gerard Cuvée gastrol; ôfl. Passage: Part 2
2003 Veritas: The Quest lieder grize mannen gastrol; ôfl. Reunion
2003 Baantjer Georges van Baaren gastrol; ôfl. De Cock en de Moord met een Swing
2004 NCIS dokter Stephen Brauer gastrol; ôfl. Left for Dead
2004 Dunya en Desie menear Govers gastrol; ôfl. Persoonlijke Vragen
2005 The L Word Manfredi Ferrer gastrol; Lap Dance
2005 Into the West predikant Hobbes minysearje
2005–2009 Gooische Vrouwen dokter Ed Rossi fêste rol; 42 ôfl.
2008 & 2010 Deadline Rogier Lankhorst weromkearende rol; 24 ôfl.
2010–2014 Bloedverwanten Anton Zwager fêste rol; 32 ôfl.
2011 Silent Witness Nederlânske ambassadeur gastrol
2013 Sinterklaasjournaal menear Zilverwerk gastrol; ôfl. 2013 nû. 4
2015 Flikken Maastricht Peter Fontein gastrol; ôf. Het Dispuut
2015 Crossing Lines Victor DuBois gastrol; ôfl. Obscura
2016 Zwarte Tulp Nick de Ruyter minysearje
2018 Berlin Station de âlde Henrik Viiding gastrol; ôfl. Aut Concilio Aut Ense
2019 Geub William van Bronckhorst minysearje
2019 Redbad: The Legend Eibert minysearje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.