De Desimbermoarden is de gongbere term foar it op 8 desimber 1982[1] ombringen fan fyftjin tsjinstanners fan it militêre rezjym yn Suriname. Yn Suriname, en by de Surinamers yn Nederlân, hat dit barren djippe spoaren efterlitten. De Nederlânske regearing befrear út protest de ûntwikkelingshelp oan Suriname.

Monumint foar de slachtoffers yn Fort Zeelandia

Mei yngong fan 2007 wie der in proses foar de Surinaamske kriichsried geande. Op 29 novimber 2019 waard haadfertochte Desi Bouterse by ferstek oant tweintich jier finzenisstraf feroardiele . Noch seis oare fertochten waarden ta tsien of fyftjin jier feroardiele. Tsjin net ien fan de feroardielden waard in arrestaasjebefel útfeardige. Majoar (en eks-sersjant) Roy Horb, earst in bûnsmaat fan Bouterse en twadde man fan it Militêr Gesach, kaam koart nei de moarden te ferstjerren en de lêzing dat dit om selsdeading gong stiet te besjen.[2]
Anno 2021 is de saak lykwols noch net ôfsletten. Yn maart 2021 waard bekend makke dat de Surinaamske kriichsried noch oergean wol ta de ynhâldlike behanneling fan de strafsaak tsjin haadfertochte âld-presidint Desi Bouterse nei alle beswieren fan syn advokaat fersmiten te hawwen.[3]

De slachtoffers bewurkje seksje

De fertochten bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Decembermoorden_mogelijk_dag_eerder, Volkskrant 5 july 2008
  2. ‘Horb is vermoord’
  3. Surinaamse krijgsraad hervat 30 april Decembermoordenzaak tegen Bouterse