In diameter is yn 'e mjitkunde in rjochte line dy't lutsen wurde kin tusken de beide punten fan in sirkel, in silinder of in bol dy't it fierste byinoar wei steane. It is teffens de lingte fan dy line. Dêrby rint de line troch it mulpunt fan 'e sirkel, silinder of bol. Elts fan 'e dielen fan 'e diameter tusken it mulpunt en it begjin- of einpunt is in straal. In diameter bestiet dus út twa stralen fan gelikense lingte.

De diameter fan in sirkel.

Etymologysk komt 'diameter' út it Gryksk, fan διάμετρος, diametros, fan δια-, dia-, dat "troch" betsjut, en μέτρον, metron, dat "(de) mjitte" betsjut.

Synonimen foar 'diameter' binne midstreek en middelline; dat lêste wurd is in lienfertaling fan it Nederlânske middellijn, dat oarspronklik betocht waard troch de sechstjinde-iuwske Nederlânske wiskundige Simon Stevin. Ek wurdt gauris it wurdt trochsneed brûkt as synonym foar diameter, dat as sadanich sels sa neamd wurdt yn it Van Dale Groot Woordenboek van de Nederlandse Taal. Mjitkundich doocht dat lykwols net, mei't in trochsneed eins it oerflak fan it snijflak is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.