Diamond Jackson, echte namme Mela Dalton (5 july 1966), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk-Yndiaansk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Diamond en Diamond Cam. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 55 kg. Se hat in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien en hat kupmaat 34DD. Neffens de ynformaasje op har eigen webside hâldt se fan dûnsjen, út iten te gean, reizgjen, snorkeljen, hynsteriden, fitnesstraining en it moetsjen fan nije minsken.

Diamond Jackson
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Diamond Cam, Diamond
echte namme Mela Dalton
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 july 1966
berteplak ? (Floarida)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20072022
offisjele webside
www.diamondjackson.com
Diamond Jackson.

Karriêre bewurkje seksje

Jackson is hikke en tein yn 'e steat Floarida. Oer har iere libben is net folle bekend. Yn 2007, doe't se 41 jier wie, rekke se as in webcamgirl belutsen by de Amerikaanske pornoyndustry, nei't se reägearre hie op in advertinsje yn in krante. Datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film, en oant se har yn 2012 út 'e pornoyndustry weromloek, spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 33 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Elegant Angel, Pure Play Media, West Coast Productions en Vivid Entertainment. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Jackson is in goed foarbyld fan 'e âldere aktrises dy't sûnt likernôch 2000, troch de tanimmende populariteit fan milfpornografy wurk fûn hawwe yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Njonken har aktearwurk posearre se ek foar neakenblêden lykas Score, en gie se troch mei te wurkjen as webcamstripper en mei it jaan fan live-seksfoarstellings fia webcams yn 'e studio yn har eigen hûs.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: