In diaspora (mei de klam op 'e earste "-a-", en net op 'e "-o-")[1] is de grutskalige fersprieding fan in folk of oare etnyske groep oer de wrâld. It wurd komt út it Gryksk en betsjut letterlik "ferstruiïng" of "it fersille reitsjen". It is ôflaat fan 'e tiidwurdsfoarm διασπείρω, diaspeirō ("ik ferstrui"), dy't opboud is út διά, dia ("tusken", "troch", "oer") en σπείρω, speirō ("ik strui út" of "ik siedzje"). Yn it Frysk wurdt foar it begryp 'diaspora' faak de term "om utens" brûkt, dy't efter de oangeande groep pleatst wurdt (dus: Friezen om utens, Skotten om utens, Russen om utens, ensfh.).

Grikelân en de Grykske diaspora yn 6e iuw f.Kr.

De term 'diaspora' waard yn it Aldgryksk brûkt om te ferwizen nei de grutte oantallen etnyske Griken dy't de stêdsteaten fan it Alde Grikelân ferlieten om koloanjes te stiftsjen yn súdlik Itaalje en op Sisylje en oan 'e kusten fan súdlik Galje, eastlik Hispanje, Illyrje, Lybje, Egypte, Lyts-Aazje en de lannen om 'e Swarte See hinne. In oare tige bekende diaspora út 'e Aldheid wie dy fan 'e Joaden doe't se yn 'e earste iuw troch de Romeinen út Palestina ferballe waarden.

Tsjintwurdich ûnderskiedt men ferskate soarten diaspora's, basearre op 'e oarsaken dy't deroan te'n grûnslach lizze. Dêrby kin it gean om in flecht, in ferballing of in frijwillige minsklike migraasje. Foarbylden fan diaspora's dy't ûntstien binne út in flecht, om't de leden fan 'e etnyske groep dêr't it om giet harren libben net mear wis wiene yn it lân dêr't se wei kamen, is de diaspora fan 'e Hugenoaten (Frânske protestanten), dy't yn 'e santjinde iuw ûnder it regear fan Loadewyk XIV ûntstie. Modernere foarbylden binne de diaspora fan 'e Sirkassiërs, dy't yn 1864 út harren heitelân yn wat no súdlik Ruslân is, ferjage waarden; de Palestinen, dy't yn 1948 troch it Israelyske leger út harren heitelân ferdreaun waarden; en de Rohingja's, dy't yn 2016-2017 troch it Birmeeske leger út harren lân ferjage waarden.

It klassike foarbyld fan in diaspora dy't ûnstien is troch ferballing, is de Joadske diaspora. In oar foarbyld is de diaspora fan Afrikanen dy't ûntstien is troch de Atlantyske slavehannel, wêrby't slaven ûnder twang út Afrika fuortfierd waarden om op plantaazjes yn 'e Amearika's tewurksteld te wurden. Foarbylden fan diaspora's dy't ûntstien binne troch frijwillige migraasje binne de mienskippen fan wat histoarysk 'gastarbeiders' neamd waarden yn West-Jeropa, lykas dy fan 'e Turken of de Marokkanen. Ek de diaspora's fan 'e Sinezen, Italjanen en Griken, dy't har oer de hiele wrâld ferspraat hawwe, falle ûnder frijwillige migraasje. Dat ferskynsel kin lykwols ek in ûnfrijwillich aspekt hawwe, bgl. yn it gefal fan 'e Ierske diaspora, dy't yn 'e njoggentjinde iuw ûntstie om't miljoenen Ieren harren heitelân ûntflechtsje moasten foar de Grutte Ierske Hongersneed (1845-1852).

In lânkaart dêr't de Somalyske diaspora werjûn is.

Moderne diaspora's, benammen yn ymmigraasjelannen as de Feriene Steaten, Kanada, Brazylje, Argentynje, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân, ûnderhâlde faak nauwe bannen mei it heitelân, dy't oant yn 'e trêde of fjirde generaasje fan 'e migranten bestean bliuwe kinne. Oare ferskynsels dy't by in soad diaspora's foarkomme, binne plannen (oft dy no al of net útfierd wurde) om úteinlik "nei hûs" werom te kearen, en fierders bannen mei oare mienskippen binnen deselde diaspora en ferset tsjin folsleine assimilaasje yn 'e kultuer fan it gastlân. Grutte diaspora's beynfloedzje faak sawol de polityk fan it gastlân as dy fan it heitelân. It wittenskiplik ûndersyk nei diaspora's heart ta de etnology en de bredere antropology.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 301.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.