Digital Playground

Digital Playground, soms ôfkoarte ta DP, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Burbank, yn 'e steat Kalifornje. Sûnt syn oprjochting yn 1993, troch de pornoregisseur Joone, hat dy him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornostudio's, en yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as ien fan it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret.

Digital Playground
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1993
oprjochter Joone
eigner MindGeek
offisjele webside
www.digitalplayground.com
De Digital Playground-kontraktstjerren Riley Steele, Stoya, BiBi Jones, Kayden Kross en Jesse Jane yn 2012.

Yn syn begjinjierren hold Digital Playground (dat "Digitale Boarterstún" betsjut) him fral dwaande mei it produsearjen fan pornografyske kompjûterspultsjes op cd-rom. Mar al rillegau wreide it bedriuw him út nei de produksje fan oare foarmen fan pornografy, dêr't pornografyske films úteinlik fierwei it wichtichste fan waarden. Digital Playground hat in stikmannich fan 'e populêrste pornoaktrises fan it momint ûnder kontrakt stean, lykas Jesse Jane en Kayden Kross. Yn it ferline hie ek megastjer Tera Patrick in kontrakt by de studio. Digital Playground stiet fierders bekend om syn pioniersrol by de ynfiering fan nije technology yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Sa stapte it label al yn 2006 oer op 'e produksje fan blu-ray-dvd's ynstee fan high definition-dvd's. En ek klearre de studio it paad foar de ynfiering fan iPads en trijediminsjonale technology yn 'e pornowrâld. Yn maart 2012 waard Digital Playground oankocht troch de yn Lúksemboarch fêstige porno-mulitnational MindGeek (foarhinne Manwin).

Keppelings om utens bewurkje seksje

(in) Offisjele webside fan Digital Playground

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.