Dirk Harting (Rotterdam, 6 oktober 1817 - Inkhuzen, 22 febrewaris 1892) wie predikant fan de doperske gemeente yn Inkhuzen, skriuwer fan teologyske wurken en stichter en redakteur fan de Enkhuizer Courant.[1]

Dirk Harting

Libben en wurk bewurkje seksje

Harting wie in soan fan Dirk Harting en Jeannette Blijdestein. Syn broer Pieter waard heechlearaar, earst yn Frjentsjer en letter yn Utrecht. Nei de latynske skoalle yn Utrecht helle Harting syn kandidaats-tsjûchskrift oan de Fakulteit fan de Letteren fan de Hegeskoalle fan Utrecht. Under syn stúdzje yn Utrecht waard er goefreon mei Anthony Winkler Prins. Earst dêrnei studearre Harting teology oan it Doperske Seminaarje te Amsterdam.[2][3]

Fan 1840 oant 1888 wie Harting dûmny fan de Doperske Gemeente yn Inkhuzen. Neist syn tsjerklik wurk publisearre er benammen teologyske geskriften. Foar syn publikaasje Verhandeling over de echtheid van den Brief van Paulus aan de Efeziërs, ûntfong Harting in gouden medalje fan it Haachsk Genoatskip. Fierder hat er ek meidien oan in nije Bibelfertaling ûnder tafersjoch fan de Nederlânske Herfoarmde Synoade. Yn 1849 krige Harting in earedoktoraat (doctor honoris causa) fan de Uterske Hegeskoalle.
Harting hat tegearre mei syn agnostyske broer krewearre foar in learplichtwet. Yn 1869 rjochten sy it Schoolverbond op. Dy stichting bestie oant 1876. Yn 1870 wie Harting ien fan de oprjochters fan de Enkhuizer Courant.[2][3]

Harting troude twaris. Yn 1840 yn Utrecht mei Antoinette Françoise van der Pant. Nei har ferstjerren yn 1867 troude er yn 1870 fannijs te Inkhuzen mei Anna Hermina Burgerhoudt.

Publikaasjes (karút) bewurkje seksje

  • Verhandeling over de echtheid van den Brief van Paulus aan de Efeziërs, De Haach, 1848
  • Quaestionem de Marcione Lucani Evangelii, Utrecht, 1849
  • Duitschland: zijne hoogescholen, godgeleerdheid en godsdienstig kerkelijke toestand, Utrecht, 1858
  • Grieksch-Nederduitsch handwoordenboek op het Nieuwe Testament, Utrecht, 1863
  • Een dag in den vreemde, Amsterdam, 1869
  • Proeve van herziening onzer wetgeving op het lager onderwijs naar de behoeften des tijds, Inkhuzen, 1885

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Winkler Prins, A. Levensbericht van Dr. D. Harting yn Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, 1892
  2. 2,0 2,1 Molhuysen, P.C., P.J. Blok, L. Knappert, and F. Kossmann. 1911. "Harting, Dirk" yn Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Leiden: A.W. Sijthoff, 544-545.
  3. 3,0 3,1 Nauta, D. 1978. "Harting, Dirk" yn Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme. Kampen: Kok., diel 2, 233.