It Distrikt Alaska (Ingelsk: District of Alaska) wie de oantsjutting foar Alaska as bestjoerlike ienheid fan 1884, doe't it ta stân kaam út in bestjoerlike herfoarming fan it Departemint Alaska, oant 1912, doe't it omfoarme waard ta it Territoarium Alaska (dat yn 1959 op syn beurt omfoarme wurde soe ta de Steat Alaska). Yn dy 28 jier wie Alaska in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten mei in beheinde foarm fan eigen bestjoer dy't it earder net hân hie. Dat bestjoer waard lykwols net keazen troch de befolking, mar oansteld troch de Amerikaanske presidint.

Distrikt Alaska
District of Alaska
1884 – 1912
flagge wapen
polityk
haadstêd Sitka (oant 1906)
Juneau (fan 1906 ôf)
offisjele taal Ingelsk (de facto)
steatsfoarm ûnorganisearre territoarium
   fan de Feriene Steaten
ûntstien út Departemint Alaska
opgien yn Territoarium Alaska
no diel fan Alaska
sifers
ynwennertal 64.356 (1910)
befolkingstichtens 0,04 / km² (1910)
oerflak 1.717.856 km² (13,8% wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Amerikaanske dollar

Skiednis bewurkje seksje

It Distrikt Alaska ûntstie op 17 maaie 1884 troch in bestjoerlike herfoarming út it eardere Departemint Alaska. Doedestiden wie it Amerikaanske Kongres noch fral drok mei de weropbou fan it Suden nei de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), sadat der net folle tiid oer wie om te besteegjen oan it doe as ûnbelangryk beskôge Alaska. Oant 1884 wie it Departemint Alaska streekrjocht bestjoerd út it fiere Washington, D.C. wei, earst troch it Amerikaanske Leger (1867-1877), doe troch it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes (1877-1879) en úteinlik troch de Amerikaanske Marine (1879-1884). Nei de herfoarming ta it Distrikt Alaska stelde presidint Chester A. Arthur in boargerlik bestjoer foar it gebiet oan, dat lykwols de status fan in ûnorganisearre territoarium behold. Pas op 24 augustus 1912, doe't it Distrikt Alaska omfoarme waard ta it Territoarium Alaska, krige it de status fan in organisearre territoarium mei in regear dat keazen wie troch de ynwenners.

 
Goudsikers op it Chilkoot Trail yn Alaska yn 1898, ûnder de Goudkoarts fan Klondike.

It duorre oant der yn 1896 goud ûntdutsen waard yn 'e Yukon, it oangrinzgjende diel fan Kanada, foar't men yn Washington D.C. belangstelling krige foar Alaska. De dêropfolgjende Goudkoarts fan Klondike brocht nammentlik in grutte stream goudsikers nei Alaska, om't de maklikste rûte nei Klondike oer de Stille Oseaan nei Skagway yn Súdeast-Alaska gie, en dêrwei oer lân troch de bergen nei de Yukon. Foar dat lêste stik oer lân bestiene twa mooglikheden: it Chilkoot Trail, dat in âld Yndiaansk paad folge, en it Dead Horse Trail troch de Wite Pas. It Chilkoot Trail wie koarter, mar klom folle steiler, wylst it Dead Horse Trail in omwei naam oer leger terrein. Skagway en de rûte oer de Wite Pas hiene yn dy tiid ek te lijen ûnder in binde strûkrôvers dy't oanfierd waard troch Soapy Smith. Dyselde kaam yn 1898 yn Skagway om by de Sjitparij op 'e Juneau-werf.

Súdeast-Alaska hie sels ek ferskate fynplakken fan goud, en in protte goudsikers dy't it net slagge en meitsje harren fortún yn 'e Klondike, kamen letter werom om har lok dêr te prebearjen. Sa wie de stêd Juneau, yn Súdeast-Alaska, stifte op in plak dêr't earder goud fûn wie, en yn 1899 waard in nije goudier oanboarre by Nome, oan 'e kust fan 'e Beringsee op it Seward-skiereilân. Yn it Binnenlân fan Alaska fûn de goudsiker Felix Pedro yn july 1902 ek goud yn 'e neite fan 'e hannelspost fan E.T. Barnette. It plak dat dêr groeide waard Fairbanks neamd, ta eare fan senator Charles W. Fairbanks. De goudfynsten makken it yn 1903 ekonomysk rindabel om te begjinnen mei de oanlis fan in spoarline, de foarrinner fan 'e Alaska Railroad, dy't Fairbanks yn 1923 ferbine soe mei de stêd Seward, oan 'e súdkust fan it Kenai-skiereilân.

Yn 1906 waard de haadstêd en it bestjoerssintrum fan Alaska ferpleatst fan Sitka nei Juneau. Yn 1907 waard foar it earst goud fûn oan 'e Ruby Creek, mar pas troch in gruttere fynst yn 1910 waard de stêd Ruby dêr stifte. De steamboaten dy't de goudsikers dêr brochten, hiene ferlet fan ûnbidige foarrieden baarnhout, en in protte bewenners fan dy kriten koene moai oan 'e goudkoarts fertsjinje troch hout te hakjen sûnder dat se sels ea nei goud sochten. Behalven goud waarden yn Alaska ek oare metalen fûn, yn 't bysûnder koper. Yn 1910 begûn de eksploitaasje fan wrâlds rykste kopermyn by Kennicott yn it Wrangell-berchtme. Dêr wie wurk foar mear as 800 mynwurkers, en yn totaal waard der troch de jierren 591.535 ton kopererts opdold.

 
In fiskersboat yn Alaska mei in fangst fan kabbeljau en heilbot1900).

Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw krong de kommersjele fiskerij yn Alaska troch, benammen op 'e Aleoeten. Dêr waarden itensferwurkjende fabriken iepene dêr't sâlte kabbeljau, hjerring en salm ynblikke waard. Ek de walfiskfeart waard yn dy tiid yn 'e seeën om Alaska hinne útwreide sûnder lykfol hokker omtinken foar oerbejaging. De Grienlânske walfisk waard oan 'e râne fan it útstjerren brocht troch de eksploitaasje fan 'e oalje yn harren fleis. Fierders waard ek de jacht op pelsdieren as de noardlike seebear en de see-otter sa opfierd, dat de lânseigen Aleoeten al rillegau yn need kamen. Net inkeld hiene sy ferlet fan dy bisten as boarne fan iten, mar ek wiene se de hûden nedich om harren kajaks en oare boaten mei de beklaaien, en sûnder dy boaten koene se hielendal net jeie.

Bestjoer bewurkje seksje

It Distrikt Alaska hie de status fan in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. It wie dêrmei in gebiet ûnder Amerikaanske soevereiniteit dat net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat lei en likemin in eigen regear hie dat oprjochte wie troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Oars as de foargeande sitewaasje ûnder it Departemint Alaska (1867-1884) hie it Distrikt Alaska in eigen regear. Dat waard lykwols net troch de befolking keazen by ferkiezings, mar streekrjocht oansteld troch de Amerikaanske presidint.

Demografy bewurkje seksje

Neffens de folkstelling fan 1910 hie it Distrikt Alaska doe 64.356 ynwenners. Ofset tsjin in oerflak fan 1.717.856 km² bedroech de befolkingstichtens dêrmei 0,037 persoanen de km².

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.