Dmitrov (Russysk: Дмитров) is in stêd yn 'e Russyske oblast Moskou, 65 kilometer noardlik fan it sintrum fan Moskou. De stêd leit oan de rivier de Jachroma en it Moskoukanaal, dat de haadstêd fan it lân mei de Wolga ferbynt.

Dmitrov
Kremlyn fan Dmitrov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Moskou
Rajon Dmitrov
Sifers
Ynwennertal 67.499 (gemeente) (2022)
Oerflak 26 km²
Befolkingstichtens 2.596 ynw. /km²
Hichte 160 m boppe seenivo
Oar
Stifting 1154
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 56° 21' N 37° 32' E
Webside Side Dmitrov

Skiednis bewurkje seksje

Dmitrov waard yn it jier 1154 as fort yn 'e bosken stifte troch grutfoarst Joeri Dolgorûki ta oantinken fan de berte fan syn soan Vsevolod yn datselde jier. De namme ferwiist nei Sint-Demetrius, de patroanhillige fan Vsevolod.

Sûnt it iere begjin lei Dmitrov op it krúspunt fan wichtige kommunikaasjerûtes dy't Moskou, Sergiev Posad, Klin, Uglitsj, Pereslavl-Zalesski en Rostov Veliky mei inoar ferbûnen. Unbekend is wannear't Dmitrov in apart foarstendom waard, mar sûnt it jier 1334 is der yn de kroniken sprake fan in prins fan Dmitrov. It lytse foarstendom Dmitrov stie yn it sintrum fan de machtstriid tusken de twa machtige foarstendommen Moskou en Tver. Yn 1301 kamen de Russyske prinsen by inoar yn Dmitrov om in ein te meitsjen oan de ûnderlinge striid. Grutfoarst Andrej Aleksandrovitsj fan Vladimir, prins Michael Jaroslavitsj fan Tver, prins Ivan Dmitrejevitsj fan Pereslavl-Zalesski en prins Daniel Aleksandrovitsj fan Moskou slaggen der lykwols net yn om frede yn de Russyske lannen te bringen.

Sûnt 1364 waard Dmitrov by it grutfoarstendom Moskou foege, mar it hold noch in eigen foarstenhûs oant 1569. Dmitrov krige yn 1374 stedsrjochten. Yn dy tiid hie Dmitrov ek slim te lijen fan de ynfallende Mongoalske legers. Dmitrov waard yn 1238 en 1293 twaris plondere troch de Mongoalske Tataren. Tochtamysj, de lêste khan fan de Wite Hoarde, liet de stêd yn 1382 yn 'e brân stekke. De lêste kear dat de stêd fan 'e Mongoalske ynfallen te lijen hie, wie yn 1408 troch troepen fan emir Edigu.

 
Dmitrov yn de 16e iuw

Under it bewâld fan prins Joeri Ivanovitsj waard tusken 1509 en 1533 de Untsliepeniskatedraal boud. Grutfoarst Vasili III fan Moskou ferstoar yn 1533 en yn 1534 liet Elena Glinskaja, regintesse foar har soan (de nije grutprins Ivan IV, letter bekend as Ivan de Ferskriklike) prins Joeri finzen sette, om 't hja him as in bedriging beskôge foar de troan fan har soan. Prins Joeri ferstoar yn 1536 yn de finzenis. Nei de dea fan prins Joeri kaam de stêd yn hannen fan syn broer Andrej Ivanovitsj fan Staritsa en dêrnei yn 1537 fan syn soan prins Vladimir Adrejvitsj fan Staritsa. Doe't prins Vladimir yn 1569 eksekutearre waard foel Dmitrov ta oan de Opritsjnina, in apart gebiet yn Ruslân bûten it normale rjochtsgebiet en bestjoerd troch de eigen Geheime Plysje fan Ivan de Ferskriklike, bekend ûnder de namme Opritsjnik. Lykas de rest fan it lân hie Dmitrov yn dy tiid slim te lijen fan de ûnderdrukking en de hannel makke in grutte tebekslach.

Yn de Tiid fan Unrêst naam it werom lûkende Poalsk-Litouske leger fan Jan Sapega de stêd yn. It leger bleau net lang yn Dmitrov, mar yn de tiid fan de besetting waard it houten fort fan de stêd ferneatige. It fort waard nea werboud, mar de wâlen besteane noch jimmeroan.

Nei de stifting fan Sint-Petersburch yn 1703 naam de betsjutting fan de stêd noch fierder ta om't it in knooppunt waard oan de wetterwei tusken Moskou en Sint-Petersburch. De stêd waard yn 1788 troch Katarina II beneamd ta bisdom.

Sûnt it ein fan de 18e iuw ûnstie der yndustrialisaasje, fral yn 'e masjinebou en tekstyl. Yn 1812 besetten Frânske troepen Dmitrov, mar de stêd hie der fierder net fan te lijen en doe't de Frânsen hearden dat der Russyske út Klin ûnderweis wiene, ferlieten hja de stêd sûnder slach.

Dmitlag bewurkje seksje

 
Boris- en Glebkleaster yn de jierren 1930

Yn de jierren 1930 wie yn it Boris- en Glebkleaster fan Dmitrov de kamplieding ûnderbrocht fan it kamp Dmitlag, in ûnderdiel fan it Gûlag-systeem. Oer in lingte fan 128 kilometer wurken tusken 1932-1938 likernôch 200.000 finzenen oan de oanlis fan in kanaal tusken Moskou en de Wolga. It kanaal waard mei grut fertoan op 15 july 1937 iepene en waard yn 1947 omdoopt yn it Moskou-Wolga-kanaal. Fuort foar de iepening fan it kanaal waard útein set mei in nije arrestaasjeweach fan de kamplieding en oaren; mear as 2.000 minsken waarden eksekutearre. Ek de keunstner Konstantyn Sobolevski wurke nei syn feroardieling yn it kamp. Hy waard yn 'e maaitiid fan 1936 frijlitten, mar yn juny 1937 op 'e nij oppakt en op 14 septimber 1937 eksekutearre. It kamp waard op 31 jannewaris 1938 opheft.

Twadde Wrâldkriich bewurkje seksje

Op 26 en 27 novimber setten de Dútsers yn de regio in offensyf yn op de nei it doarp Peremilovo ferneamde hichte. It offensyf foarme ûnderdiel fan de Slach om Moskou súdlik fan Dmitrov. De Dútsers slaggen der ynearsten yn om foet oan de grûn te krijen, mar op 29 novimber waarden de Dútsers wer troch de Russen werom dreaun. In tsjinoffensyf fan it Reade Leger dat dêrop folge makke it hiele rajon op 11 desimber wer frij fan de ynkringers.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1624 1649 1787 1897 1926 1931 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2021
Ynwenners 700 1.300 3.000 4.500 6.400 8.500 25.029 34.518 44.489 57.418 65.237 62.219 61.305 67.499

It besjen wurdich bewurkje seksje

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Дмитров