Doña Rosita Is Frij Faam of De Taal fan de Blommen

Doña Rosita Is Frij Faam of De Taal fan de Blommen, yn it oarspronklike Spaansk Doña Rosita la Soltera o Las Lenguaje de las Flores, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e fermoarde Spaanske toanielskriuwer en dichter Federico García Lorca (1898-1936). It is in kostúmdrama dat yn it Granada fan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw spilet. It waard skreaun yn 1935 en itselde jiers noch foar it earst opfierd. It stik is oerset yn it Frysk troch Klaas Bruinsma.

Doña Rosita is Frij Faam
of De Taal fan de Blommen
algemiene gegevens
oarspr. titel Doña Rosita la Soltera
   o Las Lenguaje de las Flores
auteur Federico García Lorca
taal Spaansk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1935
1e opfiering 1935, Barseloana
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Doña Rosita is Frij Faam
   of De Taal fan de Blommen
publikaasje 19??, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma

Ynhâld bewurkje seksje

Neffens García Lorca sels wie it tema fan Doña Rosita is Frij Faam it ferstriken fan 'e tiid. Dêrnjonken woed er mei it stik wat er sels neamde "de groteske behanneling fan froulju" yn Spanje oan 'e kaak stelle. Doña Rosita spilet yn trije ûnderskate jierren, útinoar rinnend fan in boargerlik fermidden yn 'e 1880-er jierren, oant de maatskiplike fernijing ûnder de Earste Wrâldoarloch.

Doña Rosita is in jonge frou, in frijfaam, dy't fereale rekket op in jongeman, mar dy wurdt troch syn âldelju nei Súd-Amearika ta roppen. Hy swart dat er om har weromkomme sil, en Rosita wachtet hiel har libben, mar kriget úteinlik fia fia te hearren dat er al lang mei in oar troud is. García Lorca lûkt parallellen tusken Doña Rosita har libben en de perioaden wêryn't de trije bedriuwen spylje, úteinsettend mei de fitaliteit fan har jonkheid, fierder geand mei it berikken fan har folwoeksenens fan lichem en geast, en einigjend mei it ferlies fan alle hope oan 'e ein fan har middeljierren.

Fryske oersetting bewurkje seksje

Doña Rosita la Soltera o Las Lenguaje de las Flores is ûnder de titel Doña Rosita Is Frij Faam of De Taal fan de Blommen nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't fral bekend is om syn ferfrysking fan û.m. Homêros syn Ilias en Odyssee. It waard yn in boekje fan 35 siden yn eigen behear útjûn, al waard dêrby neffens de gegevens yn it digitaal argyf fan Tresoar gjin jier oanjûn. De oersetting is yn te sjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 11041 fr folio bis.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • García Lorca, Federico, Doña Rosita Is Frij Faam of De Taal fan de Blommen (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, sûnder jier (eigen behear), Tresoar: oanfraachnû. 11041 fr folio bis.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Works cited en References, op dizze side.