De Doelhôftsjerke is de tsjerke fan de protestantske gemeente fan Aldeboarn.

Doelhôftsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
koördinaten 53° 02' N 5° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Pankratius
Arsjitektuer
boujier 1737 (toer); 1752 (tsjerke)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer Tsjerke: 35951[1]
Toer: 35950[2]
Webside
pgaldeboarn.nl
Kaart
Doelhôftsjerke (Fryslân)
Doelhôftsjerke

Skiednis bewurkje seksje

Neffens de Chronique van Vriesland (1622) fan Pierius Winsemius (1586-1644) soe de apostel Bonifatius yn it jier 754 yn Aldeboarn Friezen doopt ha út in boarne, dêr't letter in kapel oer hinne boud waard en noch wer letter in tsjerke fan dowestien. Yn de tiid doe't Winsemius syn kronyk skreau wie de boarne noch jimmeroan oanwêzich, mar letter moat de boarne sljochte wêze. Yn 1956 waard by in werynrjochting fan de tsjerke in put ûntdutsen, dêr't fierder gjin ûndersyk nei dien is.

Jancko Douwama (1482-1533) skreau oer de Boarnster tsjerke yn it Boeck der Partijen as in cathedrael kercke fan it dekanaat Bornego, dêr't 40 tsjerken, kapellen en kleasters ûnder foelen. De oan Sint-Pankratius wijde trijeskippige tsjerke wie hielendal fan dowestien, dus der kin fanút gien wurde dat de tsjerke yn it lêst fan 1200 boud wêze moat.

Mei de ynfiering fan de reformaasje troch de Fryske Steaten op 31 maart 1580 waard de roomske leare ferbean en de tsjerke oerdroegen oan de protestanten. De lêste Boarnster pastoar Nicolaus waard ferfongen troch de grifformearde dûmny Johannis Alutarius en op 25 july 1596 fûn in earste protestantske tsjinst plak yn de Pankratiustsjerke.

 
Tagong fan de tsjerke

Nei't yn 1723 de bliksem yn de toer fan de tsjerke sloech, waard besletten in nije toer te bouwen. De nije toer waard ien fan de heechste tsjerketuorren fan Fryslân en waard yn de jierren 1736-1737 boud. De mei de ôfbraak frijkommen dowestiennen waarden goed ferkocht en mei't de Boarnsters sels 25% fan de bousom opbrochten, foelen de begrutte kosten fan de toer bot ta. Yn 1752 folge ek de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke en tsjin de nije toer waard in ienfâldige sealtsjerke boud.

Nei de Ofskieding fan 1834 ûnstie der ek in ôfskieden gemeente yn Aldeboarn, dy't yn 1860 offisjeel as de 'Kristlike Ofskieden Grifformearde Gemeente fan Aldeboarn' registrearre waard. Dy ôfskieden gemeente hie syn tsjerke yn in ferboude skuorre oan de Weaze, mar nei't de twa Boarnster mennistegemeenten fusearren, koene de grifformearden ien fan de twa Boarnster fermanje's oernimme, in gebou út 1738.

Sûnt de jierren 1990 tsjerkje de herfoarmen en grifformearden wer meiïnoar yn de Doelhôftsjerke. Nei in tiid fan gearwurking yn in federaasje fusearren de grifformearden en herfoarmen op 18 april 2007 ta de Protestantske Gemeente Aldeboarn.

Ynterieur bewurkje seksje

Sintraal yn it ynterieur stiet de rokoko-preekstoel út 1753.Dy is yn 1753 boud troch de Boarnster timmerman Jan Binnes, wylst it fykwurk makke is troch Dirk Embderveld út Ljouwert. Foar de preekstoel oer stiet in hearebank (1655) mei foar in part fersierde pylders en in opsetstik mei in wapen. De Doelhôftsjerke hat in prachtich ferwulft mei de stjerrehimel en 46 ingeltsjes, dy't by de restauraasje fan de jierren 1960 ûnder in laach witerskalk foar it ljocht kaam. Der sit in tinkstien yn de gevel fan de toer.[3]

 
It monumintale Van Dam-oargel

Eartiids besiet de tsjerke alve brânskildere ramen fan Ype en Jurjen Staak út Snits. Unbekend is wannear't dy der út helle binne, mar de twa brânskildere ramen fan no binne modern. It raam rjochts yn it koer is ta neitins fan boargemaster Van Baerdt van Sminia oanbrocht, dy't op de dei fan de Fryske befrijing yn Dútslân deasketten waard foar in fersetsdie yn Akkrum. It raam lofts waard makke troch Jan Murk de Vries (1919-2015) út Furdgum en is yn 2003 oanbrocht yn it ramt fan it 250e jubileumjier fan it bestean fan de tsjerke.

Oargel bewurkje seksje

Yn 1779 boude Lambertus fan Dam in monumintaal oargel foar de doe nije tsjerke. De firma Van Dam ferboude it oargel en yn 1910 waard der in pneumatysk frij pedaal mei fjouwer stimmen oan it oargel tafoege. Bakker & Timmenga restaurearre it oargel yn 1966-1967 en brocht doe it oargel yn de oarspronklike steat werom.

Toer bewurkje seksje

De toer is eigendom fan de boargerlike gemeente. Oan de westside fan de toer is in fraai byldhoude yngongspartij yn Loadewyk XIV styl. Yn de bekroaning is it wapen fan Aldeboarn oanbrocht. De toer stiet 1,50 meter út it lead, mar fersakket net mear nei't de toer yn de jierren 1990 stabilisearre waard.[4] Yn de toer hingje twa klokken. De grutte klok waard yn 1526 troch Geert fan Wou (1440-1527) getten. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken út de toer helle om omraand te wurden, mar de grutte klok waard nei de kriich werom fûn en wer yn 'e toer hongen. De twadde klok dy't yn 1767 getten wie, is wol ferlern gien. Yn de jierren 1990 is dy klok ferfongen troch in nijere klok út 1953, dy't earder yn de herfoarme tsjerke fan Saandyk hong.[5]

Jubileum bewurkje seksje

Yn it ramt fan it 250-jierrich jubileum ferskynde it "Kerke-boeck van Aldeboarn" fan Cor Waringa, âld-Boarnster en letter dûmny op De Jouwer. Hy giet yn syn wurk noch fierder werom as 250 jier. Yn de Aldheidkeamer wie in eksposysje en yn it doarpshûs in tentoanstelling fan Boarnster Sint-Merten lampions. By dy gelegenheid waard in sulveren betinkingsleppeltsje makke foar alle belidende leden, mei de tsjerke yn reliëftop. Op de efterkant fan de stâle stie de ynskripsje "250 jaar Doelhôftsjerke 11-11-2003". De twa earste leppeltsjes waarden oanbean oan de âldste ynwenner Aldeboarn, Hans Jansma (91), en it jongste gemeentelid, dopeling Elianne Marije Smedinga.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Cor Waringa - Kerke-boeck van Aldeboarn (2003)

Tussen-de-St.-Pancratius-kerk-en-de-Doelhofkerk (PDF), Lykele van der Ven, juny 2017