Dolly Buster, echte namme: Nora Baumberger, en berne as: Nora Dvořáková (Praach, 23 oktober 1969), is in Tsjechysk-Dútsk earder neakenmodel en pornografysk aktrise dy't karriêre makke hat yn 'e Dútske pornoyndustry. Sûnt 1996 is se aktyf as pornoprodusinte en -regisseur, en fierders as mainstream-aktrise, skriuwster fan detektiveromans en keunstskilderesse. Hja hat yn it ferline ek gebrûk makke fan 'e artystenammen Mandy Dvorjack, Mandy Rice en Kateřina Bochníčková. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei kupmaat 38DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat.

Dolly Buster
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mandy Dvorjack, Mandy Rice,
Kateřina Bochníčková
echte namme Nora Dvořáková
nasjonaliteit Tsjechysk
Dútsk
berne 23 oktober 1969
berteplak Praach (Tsjechje)
etnisiteit Boheemsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19891996
offisjele webside
www.dollybuster.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Dolly Buster waard yn 1969 berne yn Praach, dat doe noch de haadstêd fan kommunistysk Tsjechoslowakije wie. Doe't se fjirtjin jier wie flechte se mei har âldelju de grins en it Izeren Gerdyn oer nei Dútslân, dêr't se polityk asyl oanfregen en krigen. Op har achttjinde fûn Buster har earste baan, as tolk/oersetster foar de Bundesgrenzschutz, de Dútske dûane.

Yn 1989 kaam Buster yn 'e kunde mei de Dútske pornoprodusint Dino Baumberger, mei wa't hja yn 1997 trouwe soe. Fia him bedarre se yn 'e Dútske pornoyndustry, en datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film. Nei in pear films makke ta hawwen foar labels as Videorama en Magmafilm, sleat se in eksklusyf kontrakt mei Baumberger syn studio DBM, en groeide al rillegau út ta ien fan 'e populêrste pornostjerren fan Dútslân, wylst se ek om utens, op 'e rest fan it Jeropeeske kontinint en yn Skandinaavje, grutte bekendheid krige. Nei yn in relatyf lyts oantal fan likernôch 30 pornofilms spile te hawwen, hold Buster yn 1996 op mei aktearjen. Neitiid lei hja har ta op it regissearjen- en produsearjen fan pornofilms, yn hokker hoedanichheid oft hja noch altyd wurksum is. Yn 2003 wûn se foar har hiele oeuvre op 'e Venus Berlin-erotykfakbeurs yn 'e Dútske haadstêd Berlyn in Venus Award, de spesjale sjuerypriis.

 
Dolly Buster mei Yaneysis Cervantes, yn 2007.

Njonken har wurk yn 'e pornoyndustry hâldt Buster har dwaande mei har karriêre as Dútsk mainstream-aktrise, wylst se ek aktyf is as keunstskilderesse sûnt se oan 'e Keunstakademy fan Düsseldorf in stúdzje tekenjen folge hat dy't jûn waard troch de ferneamde skilder Arnim Tölke. Fierders is hja de auteur fan in súksesfolle romanrige oer in Dútske pornoaktrise dy't amateurdektektive wurden is, en de iene nei de oare moard oplost. Buster ferskynt geregeldwei op 'e Dútske tillefyzje, en hat meidien oan ferskate realitytillefyzjeprogramma's, wêrûnder Ich Bin ein Star – Holt Mich Hier Raus! en de dûnswedstryd Dancing Stars. Ek set se har al jierren yn foar de bistebeskerming en bisterjochten, net inkeld yn Dútslân, mar ek yn Hongarije, wêrby't se har fral taleit op 'e bestriding fan 'e yllegale hannel yn jonghûntsjes, dy't de fersprieding fan sykten as heupdysplasy yn 'e hân wurket.

Yn 2004 besocht Buster in sit yn it Jeropeesk parlemint te besetten as kandidate fan in lytse Tsjechyske politike partij. Mei mar 0,71% fan 'e stimmen slagge dat lykwols net. Yn 2009 waard Buster har namme by fersin op 'e stimbiljetten foar de gemeenteriedsferkiezings yn in Dútske stêd pleatst. Yn Finlân moast de grutte lanlike krante Helsingin Sanomat ûntskuldigings oan 'e lêzers oanbiede doe't der opskuor ûntstie oer in artikel oer seksshops, wêrby't in tige eksplisite foto pleatst wie fan in fideo-omslach mei Buster dy't anaal penetrearre waard. Buster, dy't no mei har man Baumberger yn it Dútske Wesel wennet, waard yn 2008, op har 39ste, noch útroppen ta "Dútslâns meast seksy pornostjer".

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2003 Venus Award wûn spesjale sjuerypriis n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.